Carla van der Zwaag skreau ‘Hús (net thús)’ nei oanlieding fan it tema fan de Poezieweek: thuis.
Foto: Geart Tigchelaar
Hús (net thús)
Omwuolle mei stikeltried
hâldst my pandutsen.
Dyn plafond sakket, sakket,
triuwt my troch de flier,
smoart my yn libben sân.
Myn wrakseljen makket wûnen.
Ik wachtsje duldsum.
Moarn gean ik by dy wei,
lit dy útlibbe efter.
Martsje de Jong is moannedichter fan Jannewaris 2024 by RIXT. Har earste moannegedicht is foar dy. Tomas Dalgaard makke in oersetting fan dit fers, dy’t okkerlêsten yn it Deenske tydskrift M gasin publisearre is.
Foto: Geart Tigchelaar
foar dy
soms wol ik dy freegje hoe’tsto dyn
Amerikaanske dream
belibbe hast, opstjoerd yn
brieven en foto’s
dêr’t ik by betink datst
miskien wol dit sein hast
dat tocht en dêrom laitsje moast
as my in godlik kreaze keardel
foarby rint
like ûnberikber as do
as ik tsiis en woarst snij
foar myn jierdei dêr’tsto
net bist
wol ik witte watst der eins fan fûnst
dat de boade dyn hier kjimde
dyn skeinde antlit toanber makke mei
make-up
til dig
sommetider ønsker jeg at spørge dig
hvordan du levede din
amerikanske drøm sendte
breve og billeder
om hvilke jeg tænker at
du kan sige dit tænke
dat og grine over dem
når en guddommelig smuk fyr
passerer mig lige så
uopnåelig som dig
når jeg skærer ost
og pølse til min
fødselsdagsfest hvor du
ikke er tilstede så
ønsker jeg at vide hvad du tænker
om bedemanden som kæmmer dit
hår og gør dit
ansigt præsentabelt med
make-up
Pier Boorsma, nij by RIXT, is dichter fan de moanne desimber. Syn twadde moannegedicht is ‘trinus’.
Foto: Geart Tigchelaar
trinus
ik studearre frysk
oan de hegeskoalle
yn ljouwert
ik moast tentamen dwaan
bij trinus
hij hie de fragen
foar elke studint
op in briefke stean
wij fleagen troch de stof
trinus rekke in bytsje yn panyk
do moatst net sa fluch prate
sei er
ik moat eamelje grif
andere ik
no dan nim ik
de fragen fan klaske
der mar bij
sei er mei in djippe sucht