Martsje de Jong (1975) is hikke en tein op in pleats yn Penjum. Se studearre Nederlânske Lânbou, mar fûn gjin wurk yn har fakgebiet. Frysk lêze en skriuwe docht se al sûnt de legere skoalle, mar sels publisearje docht se net faak. Wol is se yn 2016 by Regaad debutearre as oersetter mei de Grutte Freonlike Reus, dy’t yn 2018 opnommen waard op de IBBY-honour list. Sûnt hat se al ferskate boeken oerset foar bern en folwoeksenen.
Martsje is ek aktyf as ferhaleferteller, ûnder mear by it Völuspá-projekt fan skriuwer Willem Schoorstra. Sûnt 2019 publisearret se poëzy. As dichter debutearre se op de webside fan RIXT mei it gedicht ‘Yn ’e tún fan Jan Ritskes’.
Ynstjoerde gedichten
Yn ’e tún fan Jan Ritskes (4 juny 2019)
Antwurd (17 jannewaris 2020)
Firusfrij (18 maart 2020)
Wat net sein is (3 july 2020)
Astrid (augustus 2020)
Yn ’e tún fan Jan Ritskes In tientsje foar prosecco en in stoel tusken beammen mei fûgels drage dichters foar mankelyk ek as de safolste auto harren lûd ferseaget Stilte wie der dochs al net keapjûn yn Bûtenpost, ommers en yn pingo’s knoarren kikkerts Ek dichters dizze jûn In stiltetrein stoppet foar de draaimûne yn Aarhus sykje ljippen hâld fan my yn mislearre leafdeslieten en yn dielde enerzjy yeeaah yn dielde enerzjy Lâns in ljochtslang knoffelje ik my in paad nei in skaftkeet mei de kaai deryn piel efter de frouljusdoar mei myn ritske gean der noflik by sitten Lit de natuer syn loop by it lûd fan in aggregaat falt myn each op in stikker op ’e doar Ferbean te skiten Thús helje ik de fersen troch elkoar en de kaai fan de skaftkeet beskamme út myn bûse. © Martsje de Jong