Ik sing tun de sin

Hjirûnder, yn it Biltsk, it earste moannegedicht fan Hein Jaap Hilarides, ús dichter fan de moanne jannewaris.

Foto: Markus Hagenlocher

Ik sing tun de sin

Ik sing tun de sin,
niet tun ’t bestaan fan ôflopen jaar.

Nee, ik sing foor ’t dinken dat
altyd an de tând foeld worre mot
om bij de fantasy te bliven, ferbeelder
fan ’n woordewereld die’t wij beweune.

Ferbeelding maakt de woordewereld beweunber,
’n onbeweunber ferklaarde weuning de sin.

Ik kyk na de dichter.
De dichter rúkt my, weet wer’t ik staan.
Sou hij mij fine? Mooi?
Ik rúk syn swakke, soete knoflooksmaak.

Ik ferlies myn geur,
myn bladsys rake los.
De dichter siet mij. Dos niet?
Hij komt na mij toe, betast mij en flústert:

’t Wekflessy sait dat ’t water niet deugt.
’t Water ferwyt ’t glâs deursichtighyd.

it geheim fan Fryslân

Hjoed in gedicht fan Bartle Laverman oer de status fan de Fryske dichter.

Foto: TUFOWKTM ‘Sicht op Nijemardum’

it geheim fan Fryslân

der wurdt beard
dat se yn Ierlân
sa grutsk op harren dichters binne
respekt foar poëten
Nobelpriiswinners!

dus nea fan it geheim fan Fryslân heard
fan dat net achtsleine folkje
by de Noardsee?

harkje dan:
hjir wurde dichters
mei “Menhear” oansprutsen
en as dyn fersen yn de
offisjele tydskriften
printe wurde
krijst in libbenslange útkearing
as tank!

in bondel smyt in strjitnamme op
en nei trije bondels
makket Natasja Bennink
in stânbyld
foar de tsjerkebuorren fan dyn berteplak

dyn grêf sil in pylgersplak wurde
dyn samle wurk
wurdt om ‘e nocht
ferspraat ûnder it Fryske folk

sels krijst in tattoo
op dyn foarholle
Alfa foar de manlju
Omega foar de froulju
en op de beukerskoallen
leare se gjin psalmen
út ‘e holle
mar poëzij
Fryske poezij
dyn fersen!

dichters binne beropsligers
sei David Hume:
ja jonges
tink dat dan mar!

© Bartle Laverman

Twa gedichten oer de kontenerramp

De dichters Edwin de Groot en Syds Wiersma ha elk in gedicht ynstjoerd oer de kontenerramp foar ús kust. Wy pleatse de beide gedichten tagelyk. De Groot hat syn gedicht sels foarmjûn. Wiersma syn titel ‘Seeblyn’ is ûntliend oan de LC fan ôfrûne sneon, dêr’t it wurd yn de kop op ‘e foarside stie: Misschien zijn we wel zeeblind.

@ Edwin de Groot

Kontenerramp, Foto Remco de Vries
Seeblyn

Wy dreame sa graach, achter de seedyk
begjint it paradys fan skjinwaaide tiid
ús lyts beskûl fan grut en wiid en iepen.

Oant de stoarm komt en út djippe strôten
in weach ús prikjebrot thúsbesoarget.

Wy leauwe sa graach, op ús strannen
is gjin berik, kinn' wy online net
sjoppe, wasket wyn ús de hannen.

Oant de oerkrêft komt en habbekratskes
it koartste paad nei ús keapsucht kieze:

Oerboard.




 © Syds Wiersma

 

de klap dêrnei

Op âldjiersnacht waard it doarp Moarre rare kjel troch in deadlik ûngemak mei yllegaal fjoerwurk. Geart Tigchelaar skreau dêr in gedicht oer.

de klap dêrnei

do giest de boeken yn
it safolste slachtoffer
fan sinleas fjoerwurk

de ivige diskusje
oer al of net
swier yllegaal
of ûnferstannich

om mar te swijen
oer it ûndersyk
nei de werklike tadracht

it lit dy kâld
noch waarm
binne de oantinkens fan har
dêr’tst net de safolste
mar de iennichste
foar wieste

© Geart Tigchelaar

Neitins

In gedicht fan Gerrit de Vries as nijjierswinsk.

Neitins

meitsje in ein
oan Misliksma
timmerje fan oantinkens
syn kiste
kwak syn kadaver
yn it gapjende gat
kiperje sân
yn de klamme kûle
oer it kâld karkas

strui mei rije hân
poeiersûker
oer de trymjende oaljekoek

tel ôf oant nul
hoera Misliksma is dea

spiel de swiete fette rotsmaak wei
mei in bittere gjalp
sjampanje

lokkich nijjier

It makket net út

Hjoed Henk Nijp syn twadde moannegedicht fan desimber: ‘It makket net út’. In gedicht oer de jierwiksel. It omsjen nei it jier dat ôfrint, it oereidzjen fan wat west hat, de top-safolle fan fanalles, de listkes… hast elkenien docht it, mar hoefolle sin hat it eins, want diene saken nimme gjin kear, of yn goed Frysk: it bern is der, it moat ret wurde. It fers giet oer de tiid dy’t ferstrykt en net te kearen is, want ‘wy kinne inkeld mar foarút…’

Henk Nijp, ‘As time goes by/De tiid fljocht’, 2017, pelkarton/akrylferve/mingde technyk, 18×28 sm. Foto: Henk Nijp

 

it makket net út

it makket net út as ik de eagen tichtknyp
of as in mol in ridde graaf,
bulten bou mei wachters om de meter

it feroaret net as ik dy meinim
it trekpaad del nei dêr’t it eachein stjurret
en te ferdwinen yn de groeden fan ’e jûn

it is omdoch as ik de wyk nim,
my betink wat ik better sizze kinnen hie
of weikrûp achter gelde wurden

it hat gjin doel om te flechtsjen yn de moaiskyn
fan kartelknipte printen yn murve albums
en sjong wer it selde âlde wyske

it hat gjin sin en sykje om ferfleine dagen,
fandelje fersliten dreamen yn ’e iggen fan ’e nacht
of te betinken hoe’t it wêze kinnen hie

wy keare wier de tikken net, net de eroazje fan ’e tiid
rinne wankel oer in hege koarde,
kinne inkeld mar foarút

@Henk Nijp

top!

Yn desimber dominearren de giele hesjes yn Frankryk en de klimaattop yn Poalen it nijs. Tusken alles troch wienen it de bern dy’t aksjefierden foar feroaring. Geart Tigchelaar skreau dêr sa oan ’e ein fan it jier in gedicht oer.

top!

lavearje tusken goed en kwea
wie eartiids helte ienfâldiger

de duvel mei syn bokkepoat
en god op salvjende kânsel

nijs dizenet mear as relreek

bokkepoat stekt ûnder giel hesje
of beklimt de treppens fan fleanmasine

nei katowice mei as berikt doel
smûk kâltsjend mei âlde kunde

dêr’t gjin salve oan te striken is
seaget myn bebekke buorjonkje

mei toeters en spandoeken
bloedleas bokkepoaten ôf

© Geart Tigchelaar