Hjoed in gedicht fan Bartle Laverman oer de status fan de Fryske dichter.

it geheim fan Fryslân
der wurdt beard
dat se yn Ierlân
sa grutsk op harren dichters binne
respekt foar poëten
Nobelpriiswinners!
dus nea fan it geheim fan Fryslân heard
fan dat net achtsleine folkje
by de Noardsee?
harkje dan:
hjir wurde dichters
mei “Menhear” oansprutsen
en as dyn fersen yn de
offisjele tydskriften
printe wurde
krijst in libbenslange útkearing
as tank!
in bondel smyt in strjitnamme op
en nei trije bondels
makket Natasja Bennink
in stânbyld
foar de tsjerkebuorren fan dyn berteplak
dyn grêf sil in pylgersplak wurde
dyn samle wurk
wurdt om ‘e nocht
ferspraat ûnder it Fryske folk
sels krijst in tattoo
op dyn foarholle
Alfa foar de manlju
Omega foar de froulju
en op de beukerskoallen
leare se gjin psalmen
út ‘e holle
mar poëzij
Fryske poezij
dyn fersen!
dichters binne beropsligers
sei David Hume:
ja jonges
tink dat dan mar!
© Bartle Laverman