Hjoed Henk Nijp syn twadde moannegedicht fan desimber: ‘It makket net út’. In gedicht oer de jierwiksel. It omsjen nei it jier dat ôfrint, it oereidzjen fan wat west hat, de top-safolle fan fanalles, de listkes… hast elkenien docht it, mar hoefolle sin hat it eins, want diene saken nimme gjin kear, of yn goed Frysk: it bern is der, it moat ret wurde. It fers giet oer de tiid dy’t ferstrykt en net te kearen is, want ‘wy kinne inkeld mar foarút…’

it makket net út
it makket net út as ik de eagen tichtknyp
of as in mol in ridde graaf,
bulten bou mei wachters om de meter
it feroaret net as ik dy meinim
it trekpaad del nei dêr’t it eachein stjurret
en te ferdwinen yn de groeden fan ’e jûn
it is omdoch as ik de wyk nim,
my betink wat ik better sizze kinnen hie
of weikrûp achter gelde wurden
it hat gjin doel om te flechtsjen yn de moaiskyn
fan kartelknipte printen yn murve albums
en sjong wer it selde âlde wyske
it hat gjin sin en sykje om ferfleine dagen,
fandelje fersliten dreamen yn ’e iggen fan ’e nacht
of te betinken hoe’t it wêze kinnen hie
wy keare wier de tikken net, net de eroazje fan ’e tiid
rinne wankel oer in hege koarde,
kinne inkeld mar foarút
@Henk Nijp