Winterpinnestreek 5 – Edwin de Groot

Winterpinnestreek 5 – Edwin de Groot

It is in prachtige tiid.
It geraas fan de OP1’s, de ferhearde loaits fan de Jineks en de Engels.
De “rede” yn de koroanadiskusjes has left the building en de folumeknoppen op de poalen steane alle dagen op fol. En dan de kreativiteit wêr’t minsken tinkbylden mei ûnderbouwe. Hoe’t hja mei de ideeën fan de wiisgearen, de filosofen oan ‘e haal gean. Filosofie voor Dummies pur sang.
Hoe’t bgl. de fyzje fan Hannah Arendt oer totalitarisme troch beide kanten brûkt wurdt om de oare kant mei om de earen te slaan. Arendt hie it sa net betocht.

The ideal subject of totalitarian rule is people for whom the distinction between fact and fiction (i.e., the reality of experience) and the distinction between true and false (i.e., the standards of thought) no longer exist. [Ut ‘e The Origins of Totalitarianism]

Dy krektneamde “people” meitsje dat der kwealik noch in plak is dêr’t minsken inoar als gelikesen moetsje kinne en dat dan út in soarte fan leafde foar in mienskiplike wrâld. Roppe en raze en stjoere op trauma en eangst binn’ de motto’s.
It oan beide poalen ynmekoar fabriken fan de eigen “feiten” dus, om it eigen gelyk mear kont yn ‘e broek te jaan. Fassinearjend. Arendt hâldt yn har grêf net op fan draaien.
Troch sa’n byld begjint it by my te buorreljen. Ik lit dat dan earst even gewurde, meitsje gjin notysjes, it byld bliuwt dochs wol. Troch de jierren hinne haw ik leard dat as der wat buorrelet, ik dan op in stuit fansels tsjin wat oanrin, dat yn kombinaasje mei dat byld in oantrún wurdt foar in gedicht.
Yn dit gefal in artikel oer “feiten”. Hoe’t dy (true or false, mar foaral it lêste) as wapens ynset wurde. Ik moast troch assosjaasje (tink ik) tinke oan Guus Kouwenhoven, de wapenhanneler sûnder skrupules dy’t fêstsit (húsarrest, leau ik) yn Súd-Afrika foar û.o. wat dizige saken yn Liberia. Want is in dichter eins ek net mear as in hanneler? Yn taal; in fynsliper, in sjacherder. Bûget en tysket de dichter ek net altiten in bytsje oan de werklikheid? Docht net elkenien dat?

Foto: Edwin de Groot

 

 

 

                                                               Foar Hannah Arendt, och earme

wy binn’ praatsjesjitter

wat winske wurdt oan taal
kin minsk leverje
flechtich, soer, swiet of
smeitsjend nei stiel

boetsearret oneliners
-it ear is bûchsum-
gûchelet en googelt

stekt foar alle mieningen
de wiisgearen
yn nije klean
hjoed besteld

moarn besoarge
minsk wasket skjin
puer en wyt*
op it earste gesicht

skaaft de tinkers
beskaafd
op maat

draait slûchslim
de kadavers
om yn it grêf

*bûten berik fan bern hâlde

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *