Fyftjin FF’en fan Frijheid: Fergelyk

Ut alve ynstjoerings dy’t ús oprop foar de Fyftjin FF’en fan Frijheid opsmiet, hat de redaksje fan RIXT fiif gedichten selektearre. Dy publisearje wy de kommende dagen op ús webside. Ien gedicht is bekroand. Dat ferskynt op 5 maaie. As beleanning krijt dy dichter de bondel Arbolarium.

De mânske blomlêzing Arbolarium is in Kolombiaanske blomlêzing fan 148 dichters, fan 78 lannen oer fiif kontininten, fandêr de ûndertitel De los cinco continentes. Geart Tigchelaar is ien fan de dichters dy’t yn dizze blomlêzing opnommen is.

As tredde gedicht yn it ramt fan Fyftjin FF’en fan Frijheid ‘Fergelyk’ fan Edwin de Groot

Fergelyk

Yn syn Ethica stelt A. dat de midden moed en beskiedenens oereinhâldt
links en rjochts as al tefolle en temin doeke har op

it wit it noch goed; de spjelde mei de fûst yn it read it gesicht
fan ús heit en de wurden dy’t folgen

– Snapst it dan net jonge, no noch net
– Ach man, hâld doch op, sjoch no mar om dy hinne

jierren letter rûnen wy tegearre yn ’e bosk, it paad mei bolle rêch
oan ’e kanten wie it wiet en glêd en sompich

– Lit ús de midden mar wat oanhâlde, jonge
– Dat is goed, heit

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre.