ik haw in simmerlang net wittend
op ’e flearmûzen wachte oait sa manmachtich
datst se om de âlde apelbeam sawat
mei de hân fange koest
it trof my pas op in augustusjûn
doe’t ik ien flak oan my foarby sûzjen fielde
en dat it der mar ien wie en no pas
sa as de Boskroas net mei hûnderten blommen
troch de houtwâl brekt en bloeit
mar dy inkeld mar mei ien blom wekker skoddet
© Edwin de Groot