Omfierrens stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal

Somtiden lit in gedicht him mar dreech ôfbreidzje en bliuwt hy wat omhingjen yn de holle fan de dichter. It is wachtsjen op de kaai; in útspraak op de radio, in tekst yn ‘e krante en yn dit gefal in foto. De dichter lei noch op e knibbels op it asfalt, seach op it skerm fan syn kamera en hy hie de titel en de lêste losse eintsjes lieten har flot ôfhechtsje.

Omfierrens stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal

As der stoarn wurdt makket it waar wier neat út
skynt de sinne, dan laitsje de goaden
reint it, gûle se

mei it tij is it al net oars
is it eb, lûkt it wetter him treurjend werom
is it floed, nimt de see, mar wêr docht der al wol ta

earnewer yn bêd, oan slangen, achter yn de file
of in swimbad, 2e wike boufak
moatst op ´en paad, giest

nei dyn hûs, dyn thús
krekt as de tsjirken dy´t -ringe op Skier-
út alle macht besykje sille en lit Teksel links lizze

@ Edwin de Groot

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *