Martsje de Jong nije “boekefrou” Omrop Fryslân

Alle moannen is Martsje de Jong no te hearren by Omrop Fryslân as de nije ‘boekefrou’ by it radioprogramma Op&Ut. Dêr sil se Fryske literatuer besprekke.

Elke tredde sneon fan de moanne skoot se om 9.30 oere oan by Douwe Heeringa. De klam sil lizze op Frysk proaza, mar ek berneboeken en oar nijsgjirrich nijs komme oan bar.

Harkje hjir nei Martsje de Jong har earste útrjoering, dêr’t se ‘Quist’ fan Koos Tiemersma en ‘Sjappy’ fan Sipke de Schiffart bepraat.

screenshot Omrop Fryslân, Op&UT

‘Moardmystearje’ fan Grutte Pier

500 jier lyn op 28 oktober blies er yn Snits syn lêste siken út, Grutte Pier, oftewol, Pier Gerlofs Donia. In gegeven dat Grutte Pier Brouwerij by stilstiet mei in optocht ‘moardmystearje’. De brouwers nûgje alle bierleafhawwers út om mei te helpen de wierheid oan it ljocht te bringen: wa hat Grutte Piers trouste striidmakker Wierd fermoarde?

It moardmystearje is opset troch brouwer Frans Filius fan Bartlehiem. Dit unike aventoer wurdt ta libben brocht troch skriuwer Geart Tigchelaar, mei yllustraasjes fan it trio Leander de Goede, Fokke van der Hoek en Bart Lentjes. In ferhaal net allinnich ferteld yn it Frysk mar ek yn it Nederlânsk.

Wa’t belangstelling hat, kin in eksimplaar bestelle fia Grutte Pier Brouwerij. Fan heal novimber ôf is it aventoer te krijen by selektearre sliterijen, supermerken en spultsjeswinkels.

De Kraak van de Kluis – dokufilm

De online foarstelling fan De Kraak van de Kluis, mei tekst fan Hein Jaap Hilarides , sil op 22 novimber, 15:43 te sjen wêze as dokufilm.

De kraak van de kluis is in ferhaal oer ferset, ferried en leafde. In groep fersetsstriders ûntfrjemde yn 1943 it befolkingsregister út ‘e klûs fan it gemeentehûs fan it Bilt yn Sint-Anne. Hja woenen foarkomme dat jonge manlju nei Dútslân stjoerd wurde koenen. Dy heldhaftige died moasten se lykwols djoer betelje.


De kraak van de kluis wurdt makke yn it ramt fan 75 jier Frijheid. Kaarten foar de dokufilm op 22 novimber binne hjir te ferkrijen.

 

Dichtersjûn De Utmolken Toer livestreamd op RIXT

De lêste jûn fan De Utmolken Toer, de toernee fan RIXT-dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, op 24 oktober om 19:30 oere yn De Bres te Ljouwert wurdt livestreamd.

Mei’t koroana it grutte publyk tsjinhâldt, hawwe de dichters besletten om harren dichtersjûn nei de minsken ta te bringen. De livestream wurdt fersoarge troch kreatyf reklameburo Hatogkrøller en is te folgjen op it YouTube-kanaal fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. Fierders op de Facebook-akkounts fan Ensafh en Dichterskollektyf RIXT.

Njonken de optredens fan Kuiper en Tigchelaar sille RIXT-dichters Cornelis van der Wal en Syds Wiersma foardrage. Muzyk is der fan Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. De hiele jûn wurdt oaninoar praten troch skriuwer, redakteur en útjouwer Piter Boersma.

De Utmolken Toer. foto: Ydwine Scarse

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn. Yn Ommers steane proazagedichten. Foarpublikaasjes dêrfan binne op it Instagram-akkount @om.mers kommen.

Wat: livestream dichtersjûn De Utmolken Toer

Wêr: Youtubekanaal Ensafh, Facebook Frysk Dichterskollektyf RIXT of Facebook Ensafh

Wannear: 24 oktober, 19:30 oere

Boeken bestelle kin online by útjouwerij Hispel