Dichtersjûn De Utmolken Toer livestreamd op RIXT

De lêste jûn fan De Utmolken Toer, de toernee fan RIXT-dichters Elmar Kuiper en Geart Tigchelaar, op 24 oktober om 19:30 oere yn De Bres te Ljouwert wurdt livestreamd.

Mei’t koroana it grutte publyk tsjinhâldt, hawwe de dichters besletten om harren dichtersjûn nei de minsken ta te bringen. De livestream wurdt fersoarge troch kreatyf reklameburo Hatogkrøller en is te folgjen op it YouTube-kanaal fan Frysk literêr tydskrift Ensafh. Fierders op de Facebook-akkounts fan Ensafh en Dichterskollektyf RIXT.

Njonken de optredens fan Kuiper en Tigchelaar sille RIXT-dichters Cornelis van der Wal en Syds Wiersma foardrage. Muzyk is der fan Kuiper syn band Tigers fan Greonterp. De hiele jûn wurdt oaninoar praten troch skriuwer, redakteur en útjouwer Piter Boersma.

De Utmolken Toer. foto: Ydwine Scarse

Elmar Kuiper (1969) skriuwt poëzy, koarte ferhalen en toaniel. Yn 2004 is er debutearre mei Hertbyt. Wite Molke, Swarte Mûle is syn njoggende bondel. Syn poëzy waard nominearre foar ferskillende literêre prizen en oerset yn ferskate talen.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek yn 2017 de D.A. Tammingapriis wûn. Yn Ommers steane proazagedichten. Foarpublikaasjes dêrfan binne op it Instagram-akkount @om.mers kommen.

Wat: livestream dichtersjûn De Utmolken Toer

Wêr: Youtubekanaal Ensafh, Facebook Frysk Dichterskollektyf RIXT of Facebook Ensafh

Wannear: 24 oktober, 19:30 oere

Boeken bestelle kin online by útjouwerij Hispel

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *