Griet Westra (Ljouwert, 1953) wennet yn Burgum en se skriuwt al jierren trijetalige sms-gedichten, ferskes fan krekt 160 tekens (ynklusyf spaasjes). Dat docht se yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk en altyd mei in foto derby, dy’t faak de boarne fan ynspiraasje is. Se skriuwt ek trijetalige haiku’s by foto’s. Se stiet as dichter gauris yn teater De Bres by Melvin van Eldik. Se publisearre yn de NRC-next en yn it e-magazine Pretparkpoëzie van Ted van Lieshout. Se is dosint Nederlânsk oan it CSG-Comenius yn Ljouwert, dêrt se kollega’s en learlingen (13-18 jier) waarm makket foar it skriuwen fan poëzij.
Ynstjoerde gedichten
Be Sobats
Beauty
Released (maaie 2020)
Fielst dy sûnder siel (8 april 2022)
BE SOBATS* wrakseljend mei de ferlerne oarloch yn syn holle fjochtet de feteraan troch de dessa it lead moat de bealch út de helske tiid fan doe belibbet hy alle dagen wer wrestling with a lost war in his head the veteran fights on across the dessa heavy metal must flee from his disabled body traumas back then are alive each day worstelend met de verloren oorlog in z'n hoofd vecht de veteraan door de dessa ’t lood moet uit z'n lijf en leden z'n trauma van toen beleeft hij in elk heden © Griet Westra * kameraden (Yndonesysk)