Edwin de Groot syn fyfde dichtbondel is út: Noas tsjin ‘t glês
Yn Noas tsjin ‘t glês sjocht de dichter: nei bûten, nei binnen, nei himsels en somtiden sjocht hy ek neat. De bondel set útein mei it gedicht ‘Oanreitsje’:
de wrâld hoecht net ûnbekladde, in bytsje goed fallend soe al noflik wêze en troaikjend ast him oanreitsje kinst
Edwin de Groot ferstiet de keunst om alderhande ûnderwerpen dy’t op syn wei komme yn bysûndere taal om te setten. Dat kinne persoanlike tema’s wêze, lykas it ferstjerren fan in broer dy’t ‘as yn in Ingelske wals (…) / út doarp en sicht ferdwynt’, mar ek maatskipklilke ûntjouwingen.
Alles sil op in stuit ferdwine, dat is wol wis, mar ûnferskilligens hoecht gjin rom paad.
De bondel is te keap foar € 17,50 en is útjûn troch de Afûk.