RIXT op de Arke – tongersdei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

De lêste dei op de Arke! Sigrid Kingma hat mei Ypie Bakker en Anne Heegstra wakker dwaande west mei poëzy, mei styloefeningen en letter kreatyf dwaande west mei sinnen út de krante. In moaie ôfsluter fan de wike op de Arke!

Ypie Bakker en Anne Heegstra oan de slach mei de kranteknipsels. Foto: Sigrid Kingma

RIXT op de Arke – woansdei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

Op woansdei wiene Edwin de Groot en Arjan Hut op de Arke. De dei is fold mei goede petearen oer it dichtsjen, besprekken fan poëzy en it libben. It resinte ferstjerren fan Tsjisse Hettema droegen hja mei harren mei. In middei dy’t in oare ynfolling krigen hat as de foargeande dagen, mar nettsjinsteande is der in siedsje plante foar letter.

Foto: Edwin de Groot

RIXT op de Arke – tiisdei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

Op tiisdei skode Janna van der Meer oan by Bruno Rummler om mei-inoar te dichtsjen op muzyk. In moaie dei en útwikseling by it Petgat, mei Arjan Hut as gasthear.

Bruno Rummler en Janna van der Meer by de Arke. Foto: Elizabeth Hietkamp

 

Dichter Tsjisse Hettema ferstoarn

Skreaun troch Syds Wiersma

Sneintemoarn 25 july ferstoar dichter Tsjisse Hettema (Bitgum, 1955). Nei in tige koart siikbêd joech er thús yn Frjentsjer yn rêst en frede en yn bywêzen fan syn freondinne it libben oer. Sân jier lyn hie er de sykte fan Kahler oerwûn, mar de striid tsjin akute leukemy wie no net te winnen.

As dichter nimt Tsjisse Hettema ôfskie mei Hewwy dát, syn nije bondel dy’t nei de simmer ferskynt by útjouwerij Frysk en Frij. Tongersdei by de útfeart sille der ferskate fersen út de bondel foarlêzen wurde. Behalve gedichten steane der yn de bondel prachtige bylden fan filtwurken makke troch Tsjisse Hettema syn freondinne Aafje Bouwer. Bysûnder is ek dat der njonken Fryske fersen in stikmennich gedichten yn it Eaststellingwerfsk opnaam binne. Tsjisse Hettema learde dy taal fan Aafje en lei him de lêste jierren ta op poëzy yn dy taal. Op RIXT ferskynden earder al in tal Stellingwerfske gedichten fan syn hân.

Hewwy dát is Tsjisse Hettema syn fjirde dichtbondel. Hy debutearre yn 1996 mei Tsi Tsi (eigen behear). Dêrnei folgen It eachweid fan de simpele rider (Koperative Utjouwerij, 1999) en Heehoo heeho de leafde is as de mage fan in ko (Frysk en Frij, 2015). Hettema wie fan ’t begjin ôf (sûnt 2018) aktyf belutsen by dichterskollektyf RIXT en wie dêr ek in pear kear Dichter fan de Moanne. Syn gedichten tsjûgje fan syn tige orizjinele persoanlikheid, mei oarspronklike bylden en metafoaren, eigensinnige taalkonstruksjes en altyd út it hert en de persoanlike belibbing wei skreaun. Yn in fraachpetear mei Hedwig Terpstra út 2015 seit er: ‘Der is net ien dy’t my fertelle sil of kin hoe’t ik dichtsje moat. Dy frijheid moatst gewoan nimme yn it libben. Dat soe eins fan begjin ôf oan sa wêze moatte, mar dêr komt it hast nea fan, want je wurde troch safolle maatskiplike biningen libbe.’ Yn it fraachpetear mei Terpstra praat er iepenhertich oer syn libben, de poëzy, syn wurk by Tresoar en syn sykte. Jo kinne it fraachpetear hjir lêze.

Tsjisse Hettema hat jierrenlang as audiofisueel meiwurker by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en Tresoar wurke. Hy katalogisearre en digitalisearre literêr audio- en fideomateriaal dat yn de rin fan de jierren earst by it FLMD en letter troch himsels by Tresoar sammele waard. Nei’t it Frysk Film Argyf yn 2009 ûnderdak by Tresoar krige, wurke Hettema in soad gear mei it filmargyf en lei er him ûnder oaren ta op de montaazje fan digitale lûden en bylden út de literêre kolleksje fan Tresoar. Mei syn wurk lei er in wichtige basis foar it Frysk Audioargyf, dêr’t it filmargyf en Tresoar  begjin dit jier mei úteinsetten.

Mear ynformaasje oer de dichter Tsjisse Hettema kinne jo fine op Sirkwy. Op RIXT is wurk fan him fan de lêste jierren te finen.

omslachbyld dichtbondel ‘Hewwy dát’ – filtwurk: Aafje Bouwer

It folgjende gedicht is ien fan de fersen dy’t foarlêzen wurdt by de útfeart fan Tsjisse Hettema op tongersdei 29 july. It toant in wichtich tematysk aspekt fan syn dichtwurk, benammen dat fan de lêste jierren: de personifikaasje fan it Fryske lân en de djipper lizzende ferbining tusken de tiden en hoe’t dat him hjoed-de-dei noch oppenearret en fiele lit yn it Frysk-Grinzer terpelân.  ‘Speaketsjil’ toant boppedat hoe’t Tsjisse Hettema it leafste reizge: op ’e fyts.


SPEAKETSJIL

myn foartsjil kreaket
tusken de rigen balstientsjes

skean boppe ús
nei in oare tiid
winkt de wyn
fan noch foar it begjin fan de jiertelling

dat op it speaketsjil fan de terp
op de úteinen
de ferskillende tiidrekken fêstgaspe binne

it boskleaze
lipranke lânskip
longere op better tiden
tuskenyn myn tosken sizet it wetter
stadich fuort
al dy iuwen lang
en bliuwe dizze bulten
oerbeslein mei lytse stientsjes

der klinkt in soarte fan
sinjaal
fan in ferhege bewustwêzen

om byinoar te kommen
de oprop fan de doarpsâldste
syn teory fan de beïerdiging fan de fallen striders

yn dat alhiel
lege lân

lis se gewoan foar waar en wyn
op de skieding fan lân en wetter

en de goaden sille har
it neisteby
wêze en bliuwe

en sa ek
ús

sjoch se lizzen
en fuortdriuwend op it tij
it wij-wetter fan de hope

Tsjisse Hettema

RIXT op de Arke – moandei

Dizze wike is de Skriuwersarke it briedplak foar kreativiteit fan Frysk Dichterskollektyf RIXT.  RIXT-dichters skriuwe poëzy mei dichters Sigrid Kingma en Arjan Hut of mei sjonger Bruno Rummler.

Hjoed wie Carla van der Zwaag op de Feanhoop en sy sprong mei Bruno Rummler drekst yn it boatsje om op muzyk te dichtsjen. Hja hawwe frijút dwaande west en oan ‘e ein fan de middei klonk der al muzyk yn de Arke: de toan is setten foar de wike!

Carla van der Zwaag en Bruno Rummler yn Foekje. Foto: Sigrid Kingma.

RIXT op ‘e Arke

Foar de twadde kear hat RIXT fan it FLMD in wike de beskikking krigen oer de Skriuwersarke by de Feanhoop. Fan 24 oant en mei 30 july sille RIXT-dichters mei-inoar oan poëzy wurkje yn de mande mei dichteresse Sigrid Kingma, dichter Arjan Hut of sjonger Bruno Rummler. It doel is om te wurkjen oan in gedicht, oersetting, foardracht of songtekst, dat letter dit jier op it poadium brocht wurde kin.

De dielnimmende RIXT-dichters binne: DerGjitr, Anne Heegstra, Ypie Bakker, Janna van der Meer, Tsjisse Hettema en Carla van der Zwaag. Sy sille de úteinlike útkomsten fan har moetings presintearje op in poëzyjûn dy’t RIXT yn de hjerst organisearret. Hut, Kingma en Rummler sille dêr dan ek optrede.

Ffoto: Geart Tigchelaar

Foarich jier hawwe wy ek op ’e Skriuwersarke west en mei in groep RIXT-dichters in ‘trochjougedicht’ skreaun. Dat neamden wy doe ‘De Rigel fan Rink’, omdat in rigel út it wurk fan Rink van der Velde as begjinrigel fan it trochgedicht naam wie. Moannedichter Cornelis van der Wal trape doe ôf mei de earste strofe en ferfolgens waard yn twatallen alle dagen in ferfolchstrofe skreaun. In fotoferslach dy wike op de Skriuwersarke fine jo hjir. It trochjougedicht “De bui” kinne jo hjir fine.