April 2022

Wite huzen

‘Wite huzen’ is Cornelis van der Wal syn earste moannegedicht fan april 2022.   Wite huzen Wite huzen, yn de bosken rinne skurve dieren. Bonken lizze yn in sirkel om de stedsgrêft hinne. De sinne wit wat de bonken tinke moatte. Fleantugen smite deade bern as bommen op de wite stêd.

Samar

‘Samar’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan april 2022   Samar It kin samar wêze dat jo samar samar, mar ik net, stjerre. It liif hat syn tiid, de sinne giet stikken, de bonken wurde stjonkend swart sop fan lutsen. Mar ik net, mar ik net. Samar, samar. Stikken giet de swarte …

Maart 2022

nachtlandschap / nachtlânskip

nachtlandschap / nachtlânskip is Ina Schroders-Zeeders har earste moannegedicht fan Maart 2022. Oersetting fan Syds Wiersma.   nachtlandschap als de kat het tolereert lig ik waar jij bent gecrepeerd en zie ik hoe jij mij toen zag toen ik nog aan je zijde lag met kussens als mijn silhouet zo lagen wij getwee in bed …

Kaïns razernij / Kaïn is mâl

Ina Schroders-Zeeders is by RIXT de moannedichter fan maart. ‘Kaïns razernij’ is har twadde moannegedicht. De Fryske oersetting is fan Syds Wiersma. Kaïns razernij een broedermoord vindt plaats in zonnig landschap waar later gele bloemen bloeien voor nu telt nog het vluchten van de onschuld de angst voor wreedheid van een bittere despoot nu redeloos …

Febrewaris 2022

it liet fan it freegjen

Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT.  Syn earste fers is it liet fan it freegjen. it liet fan it freegjen hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt mar achter wat fansels sprekt lizze fragen oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut is it …

okergiel, djipread, helderblau

okergiel, djipread, helderblau is it twadde moannegedicht fan Bennie Huisman fan febrewaris by RIXT.   okergiel, djipread, helderblau bou foar my in kleurich hûs, okergiel, djipread, helderblau dat lichtjes boppe de dize sweeft, dochs oan ’e ierde trou jou my it ljocht, it ljocht fan ’e moarn dat komt as in gast, as in freon …

Jannewaris 2022

Oproer yn in lege strjitte

Arjan Hut is Dichter fan jannewaris 2022 by RIXT.  Syn earste moannegedicht is Oproer yn in lege strjitte.   Oproer yn in lege strjitte De fûlste lampe brânt yn in ferlitten romte. Krystbeammen takelje ôf yn de húskeamers fan jannewaris. Moderne winter, we diele plaatsjes fan snie. Hingjend oer it finsterbank stjoer ik myn drones …

Folgje de dichters

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Folgje de dichters is syn twadde moannegedicht.     Folgje de dichters Wy wennen earder op de Nachtegaal mar ferfarren op in heidensk skip nei in strjitte neamd nei in eilân, djip yn de stêd fan skaden De reis wie wyld, buken skuorden …

Pop-upstore

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Pop-upstore is syn tredde moannegedicht. Pop-upstore It liket as sit se dêr allinne, in jonge frou op de flier fan de pop-upstore mei de rêch nei it finster te tekenjen, djip yn in fjild fan papier hellet se swarte streken oer swarte streken …

Desimber 2021

Foby

Gerrit de Vries is moannedichter fan Desimber 2021 by RIXT.  Syn earste gedicht is Foby. Foby in sirkel hat wol wat wei fan in Grykske letter de ferhâlding tusken omtrek en straal is net krekt bekend moat in reëel getal wêze mei in ûneinige mannichte sifers efter de komma wiskundige William Shanks socht yn de …

Mottejacht

Mottejacht is Gerrit de Vries syn twadde moannegedicht fan Desimber 2021.   Mottejacht myn ark hat wol wat wei fan in tennisracket in ljochtgrien hânfet mei in lûkje foar de batterijen in ljochtgriene stâle druk op de giele knop as knetterjende stjerkes mei âld en nij makket de mot op de muorre feestlike fonkjes mei …

Oktober 2021

It mantsje skriuwt in boek

‘It mantsje skriuwt in boek’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan Oktober 2021.     It mantsje skriuwt in boek De heuvels binne de helden fan it flakke lân, sjoch: dêr rint in mantsje oer it skulpepaad. It mantsje gûlt, it is net sa goed mei de holle. Toarnbeistrûken skramme syn wangen, …

Kristalûntfangers foar pake

‘Kristalûntfangers foar pake’ is Cornelis van der Wal syn earste moannegedicht fan Oktober 2021. ​ Kristalûntfangers foar pake It ljocht tongere boppe de glânzgjende blommen fan it âlde lân, dêr’t de swalker syn fersen song, de hiemdogge syn tosken mei soere flibe slypje soe. Guon boeren wisten wat der barre moast, de oere dat pake …