Balloërfjild

Jan Kooistra syn twadde moannegedicht fan novimber.

Foto: Jan Kooistra
Balloërfjild

op it Balloërfjild bout men gjin bunkers
der sille net samar raketten ynslaan
bout men gjin muorren, set men gjin hikken

op it Balloërfjild binne gjin demonstraasjes
is gjin swart en gjin wyt, gjin jachtsjen en
jeien, gjin geweld en gjin argewaasje

op it Balloërfjild is gjin pine of toarst
gjin earmoed of sykte, gjin oergeunst
gjin memmeleas bern sûnder in moarn

op it Balloërfjild sliepe de deaden yn
har oerâlde grêven want se witte dat letter
gielfinken en skriezen fan fierens wer komme

op it Balloërfjild gûle let yn novimber
altyd de beammen, binne dêrom
de dagen sa stil op it Balloërfjild?

Bomfoto

De gemeente Súdwest-Fryslân liet in grutske foto meitsje fan it kolleezje fan B&W, dy’t by it meitsjen miskien al in profetyske krêft hie. Wêrom? Dat beskriuwt Syds Wiersma yn in gedicht by de fameuze foto. De foto fine jo hjir.

 

Bomfoto

De fotograaf smyt in net om ’e tiid.
De styliste, in profete, set de saak te plak
yn in sêne sûnder wryt of slyt.
Mar likemin as de lichemshâlding
liicht it each fan it ego.

Rjochts de grutte man mei syn lytse man.
It oerbyld fan in duo mei status
aparte, ús blaffende baaskes:
Gij zult niet opponeren.
Gij zijt gezien bij tegenspraak.

Yn ’e midden de beide tigers út ’e kroech.
Foar de foarm noch yn Sibearyske facht.
Mar aanst wer waarm Javaansk
litte se har it leksum net lêze.
O sêfte krêft. O sêfte krêft.

Links de frou mei de lasso.
Loshantsje draaft se mei de keppel op.
Swaait en mikt. Wer mis, wer hopeleas mis.
De tsjinner achter har
leit op it plúsj de safolste lus.

Yn it wyt, yn it giftich wyt 
wiene se elkoar 
fuortdaalks al kwyt.

De mefrou yn management-blau
besiket de skyn noch op te hâlden
mar kin har de kont
net keare
tusken de hearen fan regel en wet
en de operearders yn de frijheid tusken de rigels.

Kinst der mediators op loslitte
mar sokke archetypen as blokken
oaninoars skonken klonken
bliuwe in binde swarte pytsjende bern.

© Syds Wiersma


Op skerp

Geart Tigchelaar lokwinsket hjirby Aggie van der Meer mei de Gysbert Japicxpriis dy’t hja op saterdei 16 novimber út ‘e hannen fan deputearre Sietske Poepjes ûntfongen hat. Foar ûndersteand gedicht hat Tigchelaar in pear rigels út Van der Meer har priiswinnende roman De achttjin brûkt.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Bin ik al wei

In nij fers fan Pieteke de Boer

Foto: Geart Tigchelaar
Bin ik al wei

Tsjin wa praat ik as wekker wurd yn de iere moarn
is it de sinne dy’t in antwurd jout op myn fragen
de wyn dy’t hieltyd wer besiket yn petear te gean
Ek oer ûnnoazele dingen wurde wy it net iens
en as wolken dwers lizze en reinige riten stjoere
blaasto de drippen sêft sûzjend fan myn antlit

Beammen bûge fansiden om my der troch te litten
myn stap is swier en tûken knappe ûnder myn skuon
ik lûk de mûtse oer de earen en besykje net te harkjen
nei de lûden dy’t ik net ken en my dêrom bang meitsje
as ik omsjoch is it paad wei wurden en bin ik allinnich
hawwe der ea minsken west of sitte se yn myn holle?

It wurdt kâld as de bosk har earmen yn mekoar heakket
hjir kin de sinne net komme, allinnich de wyn
en myn ferhalen reitsje fêst yn tiizjende tûken
wa fynt se as se yn de hjerst nei de grûn dwerrelje
of giet nimmen op ’en paad om my te sykjen
bin ik al wei, sjonge fûgels dêrom net


sizzen is neat

Sizzen is neat is Jan Kooistra syn earste moannegedicht fan Novimber.

Foto: Geart Tigchelaar

 

Sizzen is neat

ik lies lêsten dat de Dichter
des Vaderlands it tsjuster meitsje wol
yn ‘e bosken en dat Greta Thunberg
autistysk is, dat de Koerden
alles mar wer achterlitte

wie okkerdeis yn Sachsenhausen
hearde dêr ôfgryslike ferhalen
ik seach in jongeman dy’t gûlde
seach in hiel soad skiere roeken
ik hearde de echo’s yn ‘e fierte

woe ferhúzje nei in doarp dêr’t
de stjerren noch te sjen binne
dêr’t simmers sweltsjes fleane en
winterdeis de ûlen op de bynten sitte

soms soe ik de moed ha wolle
fan dat frommiske út Sweden
en it tsjuster út de bosken helje wolle
dy ferhalen wer fertelle en dy
falske razers fan ‘e troanen stjitte

mar ik kin better net
jûns let de tún ynstappe
en omheech sjen nei dy
ûneinich skitterjende loft
dan bliuwt der neat mear oer
dan as in jonkje triennen litte