Gers en snert

Elmar Kuiper syn tredde moannegedicht fan jannewaris

Foto: Geart Tigchelaar
Gers en snert

Immen hie yn Lucy har dreamen it gers meand.
Eva miende dat de wask al strutsen wie.
Joyce waard deawurch wekker.
Wolken dreaunen as ripe druven oer it lân.
Wybrich rûn in ein mei har hûn en ‘Handhaving’ frege
oft se genôch skytpûdsjes by har hie.
Stella krige in narsisme-ynfarkt.
Rob leaude net yn de geast.
Wiebe himmele syn pagina rigûreus skjin.
Jacco rôp aktivisten, twivelders, ûntkenners, boeren, boargers,
fantasten en wittenskippers op om nei te tinken oer ús takomst.
It hillige fruit bedoar.
Elske tocht oan de hongerwinter.
Bart lies yn The Times in healwiis ferhaal oer nazy-feilingen.
Erik miende dat in ljochtstriel, dy’t rjocht út in wolk kaam,
in tankstasjon reitsje koe.
Lieuwe soe snert ynslaan.
Anouk sloech mei de koarts yn ’e bealch
op in Boeddhistyske gong.

hoecht in namme wat?

Hjoed de Fryske oersetting fan it nijste gedicht dat Tsead Bruinja as Dichter des Vaderlands publisearre hat. Tsead skreau it gedicht foar it projekt ‘De 102.000 Namen Lezen’ fan Herinneringscentrum Kamp Westerbork. It waard juster, doe’t it 75 jier lyn wie dat Auschwitz troch de Russen befrijd waard, publisearre yn de NRC. De oersetting is fan Geart Tigchelaar.

hoecht in namme wat?

elke namme moat op syn minst
ien kear stavere wurde op it gemeentehûs
troch in âlder dy’t mei dy namme optein
in leauwe in held in freon of in famyljelid
yn libben hâldt

elke namme moat op syn minst fjouwertûzen kear
roppen wurde út in healiepen bûtendoar wei
wylst de waarme lucht fan it jûnsiten troch in keukensrút
in kâlde bernenoas ynkrôlet

alle nammen hearre sekers fiif kear op it puntsje
fan ’e tonge fan in bêste freon te lizzen by de fraach
nei wa’t syn of har bêste freon is
en wêrom

gjin ien namme fertsjinnet it om net flústere te wurden
en net fia it ear fan in leafste
bûtengewoan faak de búk fan dy oar
te kideljen

dêr binne nammen foar makke

nammen hearre in libben lang mei te gean
en mei in libben lang witte jo hiel goed
wat ik bedoel

nammen meie allinnich stadichjesoan ferdwine út ús tinzen
en net foar’t se in ôfskiedsdûnske makke hawwe
op ús triljende lippen

der is gjin inkelde reden om de namme
fan in muorre te skroevjen

as dy namme net in nij hûs
te wachtsjen stiet

want in namme wol libje

Sjoch foar it Nederlânske orizjineel by de NRC

In snjit joadium

It twadde moannegedicht fan Elmar Kuiper, dichter fan de moanne jannewaris.

Foto: Geart Tigchelaar
In snjit joadium

Donald kin samar oer de râne fan ’e ôfgrûn kiperje, yn ’e
bedelte om memmy roppe en noait wer by de berch
opklauwe. Koloanjes baktearjes meitsje in fyn slyklaachje
by de drompel ûnder it dûsgerdyn. Vladimir keapet
in preferinte Fryske hynst. Theresa lit in ferkeard wurd
falle. Franciscus wrot him fêst yn it grom fan ’e tiid.

‘Folk,’ ropt Boris en stoarret yn ’e spegel, dêr’t tinzen as
leavehearsingeltsjes skûlje. Yn ’e tearen fan Shinzo Abe
krûpt it hertsear. Der kaam net ien werom op ’e basis.
Efter in stielen gerdyn jankt er in stille oseaan fol. Mark
bout in hiele waarme sliepdoaze foar syn Priscilla. Yn in
kluster of dize fan skytlytse dripkes driuwe firussen.

Merkel rydbosket. Macron faget in krommel fuort. De ierde
is in spierbal en de plom oan ’e kime in pronksike sturt.
Rutte makket in selfy, Xi Jinping tikket mei in refleks-
hammer tsjin it porslein. Kim Jong-un mjit de wjukken
fan in ingel. Kuiper hat de mûle yn beide hannen, pûlket
oan de hûd, docht in snjit joadium op ’e wierheid.

Antwurd

In gedicht fan Martsje de Jong.

Foto: Geart Tigchelaar
Antwurd

‘Tidigje net op in antwurd
ast sikest om watst witte wolst’
ha âlde wizen my leard.
En tiid.
Heale wizen ek.
Sy ha faaks útfûn
wêr te finen.

Moai dom, of net dan
dat sy witte en ik sykje
rommeljend yn tichte laadsjes
fan in âld kast.
Famyljestik.
Achter de doarren krûp ik djip
de kast yn.
Tsjuster, jong. Dêrbinnen
wrinzgje wurden oanhâldend
om in útwei.
‘Fan wa bisto ien’ roppe se
yn it foarbygean as se
fjouwerjend de frijheid fine.
Lekker dan, dêr socht ik ommers om.

Ferhip, dêr gean ik.
Linich stroffeljend troch de fuorgen
oer kliemske kluten swiere klaai
60% ôfslibber
oeralhelle, skuord of ûnderwurke.
Miskien moat ik protesteare
Myn trekker foar de kast ride
En roppe
‘Ik bin ien fan hjir, ja?
Ik die hjir grow up
tusken Fryske ko en sûkerbeat.
Power to the beat, sûgen,
Ik bin net ien fan wa
Fan wa
Fan wa …’

 

 

Alvaret Ensemble en FEAN op Frânsk label LAAPS Records

Alvaret Ensemble en FEAN op Frânsk label LAAPS Records

Yn jannewaris 2020 makket it Frânske label Eilean Records (dêr’t yn 2018 de cd Ljerke ferskynde (https://popfabryk.nl/project/lj) in sprong foarút nei it nije, gruttere en ynternasjonale label LAAPS Records. Op de earste beide releases op dat label stiet Fryske poëzy van RIXT-dichter Jan Kleefstra.

Ferfolch fan it berjocht yn it Nederlânsk:

In januari 2020 verschijnt op dubbel vinyl en cd de langverwachte derde release van het Alvaret Ensemble, genaamd ‘Ea’. Het Alvaret Ensemble zijn op dit album Greg Haines, Olga Wojchiekowska, Joana Guerra, Sytze Pruiksma en de broers Romke en Jan Kleefstra. Deze plaat is opgenomen in de Dorpskerk Huizum in Leeuwarden. De release gaat vergezeld van een afschrift van de gebruikte Friestalige verzen en een Engelse vertaling daarvan door vertaalster Vivien D. Glass.

In februari 2020 verschijnt op vinyl en cd het tweede album van het project FEAN, genaamd FEAN II. Dit jaar verscheen daarvan de eerste release op het Amsterdamse label Moving Furniture records. Na een paar succesvolle optredens, waaronder op Explore the North, was er interesse van het Franse label om eveneens een release uit te brengen van FEAN. Op FEAN II gaan de verzen eveneens vergezeld van een Engelse vertaling. FEAN is een project dat het collectief Piiptsjilling (Rutger Zuydervelt, Mariska Baars en gebroeders Kleefstra) bindt aan Sylvain Chaveau, Annelies Monsere and Joachim Badenhorst en handelt om de bodemdaling van de veenweidegronden in Fryslân. Het werk is opgenomen in de Thomaskerk in Katlijk. Omrop Fryslân maakte hier een tweedelige documentaire over waarin FEAN als rode draad fungeert.

FEAN en het Alvaret Ensemble worden beide ondersteund door de Popfabryk.

Beide releases zijn straks alom verkrijgbaar, maar ook via de bandcamp van de gebroeders Kleefstra, waarop de eerdere werken van het Alvaret Ensemble en veel ander werk nog verkrijgbaar zijn. Neem er eens een kijkje: https://kleefstrabros.bandcamp.com/ FEAN is uitverkocht en alleen digitaal nog verkrijgbaar.

Hier vindt u een nieuw nummer van het Alvaret Ensemble.

En een gedicht van Jan Kleefstra op het album ‘Ea’ (Alvaret Ensemble, 2020 LAAPS records).

Ast út de loft fallen dimmen
dyn stoel setst dêr’t net ien doart te sitten

en molke griemst foar in dwylsinnich each

de fûst om it gers
it sicht op see

gjin stjer dy’t har neist dy deljout
gjin skitterjende rêch dy’t dy nei
de klassike frede tôget

set dyn foet net wêr’t gjin dragers binne

fergriem gjin libben oan in swalkjend folk

Mem Ganges

Elmar Kuiper is RIXT-dichter fan de moanne jannewaris. Yn novimber 2019 skreau er de gedichterige ‘Mem Ganges’ yn Kolkata (Calcutta), dêr’t er in optreden hie op de Chair Poetry Evenings. Op de lêste dei fan it poëzyfestival makken hy en guon kollega-dichters mei in plezierboat in lange tocht oer de Ganges. Kuiper: ‘Ik stoarre yn it wetter en moast tinke oan mem, dy’t fan ’t simmer slim siik wie. Yn it fers lis ik in link tusken de fersmoarge, hillige rivier en ús mem, dy’t ûngenêslik siik wie. Har siswize wie: as it myn tiid is is it myn tiid.’ De rige wurdt opnommen yn Kuiper syn nije bondel: Wite Mûle, Swarte Molke, dy’t fan ’t maitiid by Hispel ferskine sil.

Mem Ganges

I

Yn ’e boarne baait in wurd, oan ’e oere klinkt
in kowebel. Mem Ganges draacht har pine

yn ’t liifjurk. In fûgel mei skerpe flerken
hinget stil yn ’e loft. In oare fûgel sirkelet

rûntsjes om ’e skiere flatblokken. Ja, ik ha God
oerboard kipere. Ja, de geast tûket ôf,

hat de mûle fol modder, ropt smoarge
dingen, raast mei de mûle fol gif.
II

De sinne boppe Arundhathi’s wynbrauwen
is Prusysk blau, as ús plezierboat ôfset,

in pryster sjongt. Hearlik dochs, sa te wêzen
yn in lân, dêr’t it Ingelsk sa funny klinkt.

Mar do liedst my ôf, mei dyn suchtige liif,
dyn flotten gers en it ôfeart fan dyn stêd.

Bisto myn mem, dy’t seit dat de minskheid
útrûge wurdt? Doarsto dy mem te neamen?

Ik harkje en hingje oer de reling hinne en
sjoch yn dyn mostergiele antlit, Ganges.
III

Do bist myn mem op ’e driuwende help en ik
bliuw by dy, hâld dyn hân beet. Dyn ieren, sa

wûnderlik tsjok. Noch in scan en do leaust
de útslach net. Mar it plak yn dyn holle is

gjin eilân, dêr’t wy samar hinne farre en
fakânsje hâlde en sinnebaaie. It is de dea,

mem, de dea, dy’t mei in swart antlit yn ’e
frontaalkwab plakjeboartet, dy sa rêstich en

myld makket. Do flústerest heas: Dan is it
myn tiid, soan. Joust it op? Do bist en bliuwst

myn mem, dy’t myn sûnen wasket, al leau ik
der neat fan. Der kritet in rôffûgel yn it fynstof.
IV

As it kwea him reiniget fan it kwea, sil ik
skjin en suver wêze mem, sil ik rêstich

streame, oant de dea my fûl oan ’e pikheak
slacht. As der gjin ein en begjin is, sil ik lizze

oan dyn oer en fersûpe yn ’e boarne. No goed,
ik lit it sa. Immen seit: ‘Hello sir, picture please’

en ik meitsje rare minen, kin my der net
útwine en sis ferstuivere: ‘Okay!’
V

We farre in ein boppe de stream. Kolkata leit
as in wite waas foar ús eagen. Katyayani wol

op ’e foto mei de guodlike reus. Noch wennet
de mins yn it tsjuster; ik hear it dy sa sizzen.

Ik strek de rêch en glimkje rûtinearre. It goede
sil oerwinne ek al leau ik net yn it kwea.

Ashutosh laket en Anindina fynt dat myn eagen
sa helder as de Himalaya binne.
VI

Tagore, ik wol de klaai fan my ôfspiele, in lichte
toan oanslaan, in muntsje yn dyn wêzen smite.

Do hoechst net ôf te ljochtsjen, maat. It tonkje
fan dyn flearmûs baarnt. Wat kin ik dy ferwinskje?

It libben is ommers in daudrip op in lotusblêd.
Mar de dea dan, Tagore, dy is sa hurd en fretterich.
VII

God, ik lies Krishnamurthi stikken, mar wat ha ’k
deroan, 7500 km fan hûs, stoarje ik oer de reling

yn it wetter en sjoch heit ûnder it kowejaar, knipend
en lûkend oan ’e oeren. Ik hein in glimp op fan dy:

do hast de tonge út ’e mûle en stikst en strykst
de naden. Ik hear Brian, kompaan, oarlochsfeteraan

en grut dichter sizzen, dat de lidden yn aparte sekken
moasten. Hy skriuwt fersen as tuorrebouten, as rikke

iel. No flean ik werom en breidzje in ein oan dit fers,
mem, wylst Keisang my betsjinnet, wetter skinkt yn

in plastic beker, de stielen fûgel
hiel even trillet boppe de oseaan.