In gedicht fan Martsje de Jong.

Antwurd ‘Tidigje net op in antwurd ast sikest om watst witte wolst’ ha âlde wizen my leard. En tiid. Heale wizen ek. Sy ha faaks útfûn wêr te finen. Moai dom, of net dan dat sy witte en ik sykje rommeljend yn tichte laadsjes fan in âld kast. Famyljestik. Achter de doarren krûp ik djip de kast yn. Tsjuster, jong. Dêrbinnen wrinzgje wurden oanhâldend om in útwei. ‘Fan wa bisto ien’ roppe se yn it foarbygean as se fjouwerjend de frijheid fine. Lekker dan, dêr socht ik ommers om. Ferhip, dêr gean ik. Linich stroffeljend troch de fuorgen oer kliemske kluten swiere klaai 60% ôfslibber oeralhelle, skuord of ûnderwurke. Miskien moat ik protesteare Myn trekker foar de kast ride En roppe ‘Ik bin ien fan hjir, ja? Ik die hjir grow up tusken Fryske ko en sûkerbeat. Power to the beat, sûgen, Ik bin net ien fan wa Fan wa Fan wa …’