RIXT-dichter Elmar Kuiper nei Transpoesie yn Brussel

Alwer in RIXT-dichter nei Transpoesie yn Brussel. Foarich jier Janneke Spoelstra,  dit jier Elmar Kuiper. Lês it parseberjocht fan it Skriuwersboun:

Ek yn 2019 wurdt yn Brussel Transpoesie organisearre, it Europeeske Poëzyfestival.

Foar de twadde kear is dêr in Fryske dichter oanwêzich, nammentlik Elmar Kuiper. Hy sil 26 septimber optrede wannear’t it de Europeeske Dei fan ’e Talen is, tusken 24 oare talen út Europa. Fierder organisearret Transpoesie foarstellings yn september en oktober.
Ek dit jier hat It Skriuwersboun de oprop dien foar ynstjoerings. In kommisje besteande út Alex Riemersma ((NHL-Network to Promote Linguistic Diversity), Cor van der Meer (Fryske Akademy) en Tryntsje van der Veer (It Skriuwersboun) hawwe út trije kandidaten dichters Elmar Kuiper keazen mei syn gedicht ‘Myn Lân’.
De yn 1969 berne dichter skreau fiif Frysktalige bondels (Hertbyt, Ut namme fan mysels, Granytglimkes, Hiemsiik en Stienkeal (Bornmeer). Syn Nederlânske gedichten waarden bondele yn Hechtzwaluwen (Augustus) en Ruimtedier (Atlas Contact) en ek ferskynde fan syn hân de twatalige bondel: Roep de rottweiler op! / Rop de rotweiler op! (BnM).
Njonken dichter is Elmar Kuiper ek toanielskriuwer, byldzjend keunstner, performer, filmmakker en partisipearret yn it ymprovisaasjekollektyf Tsjinlûd. Fierder is hy lietskriuwer en sjonger fan de darkwave band Tigers fan Greonterp.

Ut ‘Myn lân’ in fragmint:

Wat kin ik jaan as de ljip op myn lân gûlt
aai kwyt, aai kwyt, as myn skries skriemt
as in dichter dy’t siik en blyn fan langst
syn âlde lân besjonge wol?

Wat kin ik dwaan as myn lân skoare wol,
mar jankt as in junk om ’e jarre,
as de hûd skuort, de nulle yn ’e ier
it wêzen iepenript?

RIXT-dichter Yva Hokwerda  by ‘Dood en Begraven’

RIXT-dichter Yva Hokwerda  by ‘Dood en Begraven’

Zaterdagochtend 11 mei 2019 organiseert Stichting Langstme een bijzonder
cultureel evenement rondom het thema ‘Dood en Begraven’. Aanvang is om
10.30 uur op de rooms-katholieke begraafplaats aan de Leeuwarderweg in
Sneek. Dichter Marrit Jellema en verhalenverteller Folkert Poiesz geven
acte de presence. Mirjam van Brug, Gerk Venema en Judith
Eppinga-Leijendekker verzorgen de muzikale omlijsting.

Het tweede deel vindt plaats op de dodenakker van Loënga, waar rond de
klok van 11.15 uur naast Marrit Jellema ook dichter Yva Hokwerda verzen
presenteert. Daarna is een samenzijn met de laatste optredens in de
kantine van de naastgelegen OBW-boerderij ‘Zathe Pasveer’. Tegen
betaling kan er koffie of een andere consumptie worden genuttigd.
Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland en Uitvaartverzorging J.Æ. de Boer &
Zn. ondersteunen dit cultureel gebeuren met een financiële bijdrage.

Moannedichter Simon Oosting yn it skriuwersarkje

Foto: Hinne Wagenaar

Simon Oosting, ús dichter fan de moanne maaie, hâldt de hiele moanne ta yn de Skriuwersarke op ‘e Feanhoop. Hy wol de dichtbondel dêr’t er mei dwaande is ôfmeitsje en mei in rige gedichten oer brêgen te set. Fierders sil er in pear gedichten foar RIXT skriuwe, dy’t letter yn maaie op ús webside ferskine.

In oare RIXT-dichter, André Looijenga, sit yn july yn ‘e Skriuwersarke. Hy sil dêr oan de slach mei syn reisferhalen oer Masedoanië. Hy wurdt boppedat geregeld frege hoe’t it mei syn earste dichtbondel komt, dat dêr wol er fan ’t simmer ek mei te set.

Iepen Joadske Huzen / Huzen fan Ferset

Hjoed yn Ljouwert is it Open Joodse Huizen/Huizen van Verzet. It evenemint begjint fanmiddei om 13.00 oere by it Vossepark. Dêr wurdt in ynfopaniel ûnthuld ta oantinken oan de tsien Ljouwerter Joaden dy’t op 11 april 1942 weifierd waarden. Hjir fine jo it programma fan Open Joodse Huizen fanmiddei.

Doe’t Syds Wiersma yn maaie 2018 dichter fan de moanne by RIXT wie, skreau er it gedicht Noardersingel 58. Dat is it hûs yn Ljouwert dêr’t Aron Dwinger wenne. Aron Dwinger wie ien fan de tsien foaroansteande Joadske manlju dy’t de SD oppakke liet, nei’t in skoaljonge yn ‘e nacht fan 10 op 11 april fiif buordsjes mei ‘Voor Joden verboden’ by de yngong fan it Vosseparkje weihelle. De manlju waarden oerbrocht nei kamp Amersfoart. Fan de tsien komt gjinien werom. Aron Dwinger stjert oan in hertstilstân yn kamp Amersfoart. De oare njoggen komme om yn de ferneatigingskampen. It ferhaal oer dy tsien earste martlers fan Ljouwert, sa’t se neamd wurde, kinne jo hjir neilêze yn in artikel fan Auke Zeldenrust yn de Ljouwerter Krante fan freed 19 april. 

Hjir fine jo it gedicht Noardersingel 58

 

Dichterspaad Aldegea iepene

Dichterspaad Aldegea iepene

Freed 6 april waard it Dichterspaad by Aldegea (Sm.) mei in noflike byienkomst op ’e nij ‘iepene’. Dat wol sizze it kuierpaad hat in update krigen mei in achttjintal nije gedichten. Hast alle dichters droegen yn Aldegea harren gedicht foar.

De RIXT-dichters Marije Roorda, (‘It wiete gerslân’ ) en Henk Nijp (‘Mei it muzyk mei’ ) leveren ek in gedicht oan dat troch de kommisje útkeazen waard om in plak te krijen op ien fan de panielen oan de rûte. It paad, dat in ynisjatyf is fan de Feriening foar Doarpsbelang Aldegea, leit oan ’e râne fan it ‘Nasjonaal Park de ‘Alde Feanen’ en is sa’n 25 km lang. Der binne lykwols ek mooglikheden om lytsere rûntsjes te rinnen of te fytsen.

Underweis is der is in moai ferskaat oan gedichten te lêzen, sawol Frysktalich as yn it Nederlânsk. De rûtes kinne delhelle wurde op de website fan it Dichterspaad.

It wiete gerslân

Fyntûkich bringe bjirk en els my
nei it blauferljochte lânwetter
dêr’t in winterloft yn driuwt;
my in rêst foarhâldt en freget
nei it fleanderige fan myn dwaan
dat gjin berêsting ken.
Dan lit de spegeling my sjen
hoe’t yn beferzen grûn it bjintgers
geduldich wachtsje kin op groei
en my ta ynkear bringt.

© Marije Roorda