jonkje

Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne oktober by RIXT,  jonkje is syn twadde moannegedicht.

jonkje,

nea silst dit lêze, bin ik bang,
silst nea witte dat ik oan dy tink,
dat ik dy nea ferjitte sil

do stiest foar in soad oaren,
al krigest gjin tiid
om in deiboek te skriuwen

op in filmke seach ik datst meiskuord waardst
troch in folwoeksen keardel, yn dyn koarte broek,
mei dyn tinne skonkjes, hoe âld bist – seis, sân?

ha se dyn âlden libben ferbaarnd,
pake en beppe deasketten, dyn suster ferkrêfte
en dyn broerke de holle ôfhakke?

dyn belager klemde dy ûnder it rinnen
fêst mei in earm ûnder dyn oksel,
in earm dy’t tsjokker wie as dyn skonkjes

fan wa wie dy earm?

hy is fan alle antysemiten op ’e wrâld!

ik treastgje my mei de gedachte
datst eins net folle ferliest
oan in libben dêr’t yn barre kin
wat dy oerkaam is

der heart in grapke by

Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne oktober by RIXT.  Der heart in grapke by is syn earste moannegedicht.

 

der heart in grapke by

kuierjend oer it gemeentlik hôf yn Harns
seach ik twa neistinoar lizzende sarken

op in grêfsark fan granyt
lei in wyt, ovalen stientsje
mei de tekst ik mis dy;
op de marmeren grêfsark dernjonken
lei in read stientsje yn de foarm fan in hert
dêr’t yn wite letters op stie
ik hâld fan dy –

it wite, ovalen stientsje
lei ik op de marmeren sark
en it reade, hertfoarmige stientsje
op de graniten sark

foldien kuiere ik fierder

oan ’e igge

Henk Nijp is dichter fan de moanne septimber by RIXT, ‘oan ‘e igge’ is syn twadde moannegedicht.

Foto: Henk Nijp

oan ’e igge

wer dûnsje wy de slowfox fan it stil fertriet,
wurden dy’t wy nea sprutsen
spegelje de romte tusken de paskes,
âlde patroanen as nerven yn ’e flier,
wy witte linken fan de râne en de hoed,
fan de foarke oan ’e stôk

dagen glydzje troch de mesken fan de tiid
ferdwine yn it sinkgat fan ’t ûnthâld,
wat oerbliuwt binne relikwyen
fan in libben oan ’e igge fan ’t bestean,
– faaks diene wy te hurd ús bêst,
skipbrekkelingen fan it lot

fine wy wjerklank yn ússels, of by de oar,
oer it rjochte paad of fia de omwei fan ’e leagen,
is it lotter leffens of inkeld ûnfermogen,
ommers in hiemhûn hapt allinnich lucht en nea de proai,
libbet tusken keatling en de koer,
ûnthellet jankend elke jûn opnij de moanne

as op ’t lêst it ljocht wer oangiet,
snaar- en slachwurk swije
huverje wy yn iere moarnsdamp,
ús earmen sakje, paskes wurde passen,
ik stjoer dy langer net, do draaist sa grasjeus net mear

yn ’e fierte kraait in hoanne trije kear

de wâl fan it Djip

Henk Nijp is dichter fan de moanne septimber by RIXT. ‘de wâl fan it Djip’ is syn earste moannegedicht, in fers (tige) frij nei Otis Reddings ‘(Sittin on) The dock of the bay’.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

de wâl fan it Djip

ik sit op ’e wâl fan it Djip
sjoch it wetter dat streamt
reiden dy’t wiuwe op ’e wyn
in skip komt tuffend foarby
it skip komt tuffend werom,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op ’e wâl fan it Djip
in swel tipt op in weach
gjin wolk driuwt oan ’e loft
it waar is fierstente moai
ik ferdoch hjir myn tiid,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op ’e wâl fan it Djip
it skaad fan de beam slokt my op
myn flesse is al moai leech
en dy bin ik kwyt
wêr moat ik hinne,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op ’e wâl fan it Djip
wat de minsken ek sizze
– moai praat by de rûs –
ik kin der neat mei
want wat wit men derfan
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op de wâl fan it Djip
de moanne krûpt stadich omheech
flearmûzen fladderje stil om ’e beam
hja binne mei twa
en ik mei mysels
daalk sit ik hjir noch
ha te folle oan ’e kop

 

 

 

ûntstien

Ypie Bakker is dichter fan de moanne augustus by RIXT. Har twadde moannegedicht is ûntstien.

Ypie Bakker: ‘Dit fers ha ik by bygeande bylden makke foar de eksposysje: ‘De weg naar het beeld’, fan Staal en Steen.’

 

ûntstien

alles wie al
besletten yn stien

it bern foetus noch
beferzen yn de memmeskurte

it famke ferstille
fossyl fan ferlerne tiid

de brekbere frou in dame
kwetsber mar krachtich

se wachten

do seachst en trochseachst
fieldest en foarmest

haktest hurdens fuort
rasptest rauwe rânen flak

swierte waard lichter
ballast waard stof

blaasdest it fuort
der foel in lêst fan dy ôf
it wie folbrocht

dame, famke
bern yn ’e knop
glânzen yn ’t ljocht

Foto’s Ypie Bakker

op de Swetteblom

Ypie Bakker is dichter fan de moanne augustus by RIXT. Har earste moannegedicht is ‘op de Swetteblom’.

Foto: Ypie Bakker

Duorsumens en frijheid stiet heech yn it findel op de ekologyske camping de Swetteblom. Werom nei de basis is dêr it kredo. Yn de wenwein fan Syds Wiersma (dy’t op dat momint yn Ierlân siet) hope ik wat ynspiraasje foar gedichten op te dwaan.

Ypie Bakker

op de Swetteblom

swijt de tiid
is stilstân
foarútgong

en it gers
griener
by buorman

weidzje de kij
earmerkfrij
hinget poëzy

op it húske
hoecht de doar
net op slot

weagje ik
myn wurden
fan glês

raant it iis
hurder as
ik slikje kin