de wâl fan it Djip

Henk Nijp is dichter fan de moanne septimber by RIXT. ‘de wâl fan it Djip’ is syn earste moannegedicht, in fers (tige) frij nei Otis Reddings ‘(Sittin on) The dock of the bay’.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

de wâl fan it Djip

ik sit op ’e wâl fan it Djip
sjoch it wetter dat streamt
reiden dy’t wiuwe op ’e wyn
in skip komt tuffend foarby
it skip komt tuffend werom,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op ’e wâl fan it Djip
in swel tipt op in weach
gjin wolk driuwt oan ’e loft
it waar is fierstente moai
ik ferdoch hjir myn tiid,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op ’e wâl fan it Djip
it skaad fan de beam slokt my op
myn flesse is al moai leech
en dy bin ik kwyt
wêr moat ik hinne,
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op ’e wâl fan it Djip
wat de minsken ek sizze
– moai praat by de rûs –
ik kin der neat mei
want wat wit men derfan
jûn sit ik hjir noch,
ha neat by de ein

’k sit op de wâl fan it Djip
de moanne krûpt stadich omheech
flearmûzen fladderje stil om ’e beam
hja binne mei twa
en ik mei mysels
daalk sit ik hjir noch
ha te folle oan ’e kop

 

 

 

One Reply to “de wâl fan it Djip”

  1. It wie de middeis in lange sit en somtiden dreech troch it grutte tal en ferskaat yn kwaliteit; en dan moast ‘r ek noch in jûnsprogram komme… Wie bliid mei de sjongoptredens tuskentroch. Minder te sprekken oer de (ferkeap)optredens fan de útjower. Begryp it lykwols wol. Dochs om healwei seizen mar op ‘e fyts nei Oentsjerk, foar in frisse wyn yn ‘e holle en romte foar mear gedichten. Wurdt hast tiid foar in nije blomlêzing…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *