Hjoed is it de 134ste bertedei fan de dichteres Rixt (Grou, 27 septimber 1887). By gelegenheid dêrfan hawwe wy in oprop ûnder ús dielnimmende dichters dien om in gedicht te skriuwen nei oanlieding fan de folgjende rigel fan Rixt:
de hiele wrâld draach ik op ien fingers-ein
De rigel komt út it gedicht ‘Yn ’t lêstoan’ út har bondel De Gouden Rider (s. 51).
Hjir folgje de ynstjoerings:
Carla van der Zwaag
Koaide stiennen
In balstien mei ûnbeskreaune wetten
misfoarme myn joadebonken
Brykskouderich gong ik troch it libben
mei de wrâld op ’e nekke
Myn keistiennen binne fongen
yn in raster fan krityk
loerend nei de frijheid
troch de gatten yn myn wrâld
Op it keizelpaad kies ik myn eigen wei
De grutte stiennen bernje ik
De lytsen keil ik oer in blakke see
De hiele wrâld draach ik op ien fingers-ein
Marije Roorda
It hiem
Hoe’t my it hiem temjitte komt
my oansjocht mei har kalme aard
lâns in tipke fan har griene wale
as ik fan hûs gean en wer thúskom
nea freget oer wat my dwaande hâldt
mar myn drokte oer har gersfjild struit
dêr’t klysters tripkje en wjirmsykje
de grûn beklopje foar in hapke
hoe tear de sûnens fan in seadde is
wiist my it ynternet de noed op ierde
de hiele wrâld draach ik op ien fingers-ein
dy’t my ûntglûpt as ik in foet set op myn hiem.

Janneke Spoelstra
It ferrin
Ik rin mei ús mem,
sy hâldt de stap yn.
…
Us mem rint mei my,
ik hâld de stap yn.
Rein de Lange
Brandaris
ik set de nulle op streek
jûnsread bestoot myn antlit
traach draai ik rjochting see
Brandaris boppe weagen
knypeaget amper. it tsjustere
wolketekken: in faai teken
nim ik mar it drege beslút
ferbrân bestimmingen
draach myn hiele wrâld
jit op ien fingers-ein
en lit it helmhout los
in mayday leit my op ’e lippen
Syds Wiersma
ANVERS ANVERS
as it my nochris barre mocht
dat ik de hiele wrâld draach
net fan hân op rêch
op heup of hakke
mar op ien prikke liif
dat by fersin ynienen wiist
in oerbliuwseltsje bern
rint op sneontemoarn
de sjabbes yn
strykt op ’e trijesprong
fan de Lange Herentalse en de Van Lerius
út it âld en swier kwadraatskrift
út ’e ruten fan in learhûs wei
in flinter fan it gearballe wurd
op ien fingers-ein del
sa stil
skrammet dy dan it strjitteswurd
rint op sneintemoarn
de Seefhoek yn
lûkt de rook fan farske bôle
mei alle kleur en smaak fan de Levant
my troch de lea oant yn
it roppich sjen:
dy graach, dy
en noch in mingel fan dat
ashkuruk, ashkuruk
as it my wer barre mocht
dat
dan fei ik de wrâld dy’t myn wrâld
net mear is, bedarre as ik bin
yn útbuorrens bûten de hearskjende mores
dan ros ik dy wrâld
fan myn synyske middelfinger ôf
heal wiis en dronken
draaft it myn sinnen achternei
Tryntsje van der Veer
de ein
it begjin in tocht fan tûzen
siken en stappen it fynt gjin ein
in reis fan lijen en swiere wurden
ferknotte ferhalen ûnderweis
wêr wiesto doe’t ik dy frege
wêr bisto no’t ik it hûs brek
rin troch bergen en oer grinzen
ik in minske oan dines allyk
wêr fyn ik in ûnderkommen
wêr liede skonken en it hert
in flechtling ik by nacht en ûntij
roppich langjend nei in drip
yn it ûnthâld strún ik nei fersen
hoe te gean wêr streamt in liet
bou fan boeken loftkastielen
swalkje swijend fan ferlet
op ien fingers-ein draach ik
de hiele wrâld mar muze do
sielsbestimming en hâldfêst
bist myn tinte wierk en bêd
sa tref ik fierwei yn hoalen
leaflike rigels fan beskûl
it lit myn moedfearren ferrize
wiswier fynt de flecht de ein