Ypie Bakker is dichter fan de moanne augustus by RIXT. Har earste moannegedicht is ‘op de Swetteblom’.

Duorsumens en frijheid stiet heech yn it findel op de ekologyske camping de Swetteblom. Werom nei de basis is dêr it kredo. Yn de wenwein fan Syds Wiersma (dy’t op dat momint yn Ierlân siet) hope ik wat ynspiraasje foar gedichten op te dwaan.
Ypie Bakker
op de Swetteblom
swijt de tiid
is stilstân
foarútgong
en it gers
griener
by buorman
weidzje de kij
earmerkfrij
hinget poëzy
op it húske
hoecht de doar
net op slot
weagje ik
myn wurden
fan glês
raant it iis
hurder as
ik slikje kin
Moai fers
In hiel mooi gedicht. Mei un bytsje wurden un protte sein.
Ben niet zo goed in het Fries.