Anne Feddema, dichter fan de moanne Septimber, hat it no folgjende fers, syn fjirde moannegedicht, foarlêzen by IepenUp Live fan 18 septimber.
Russysk mearke
Tsaar Peter
Slepte op in matras
Folle mei Bojareburden
Dat lei lekker sêft
Sa’n Bojareburd
Better bygelyks
As Bojarekoppen
Dy binn’ bonkehurd
Mar op in nacht
Waard Peter wekker
It matras lei nét mear lekker
‘Nee‘, fersuchte Peter
It leit noch foar gjin twa meter
Der ûntbriek noch wat
In bytsje burdhier
Op dat stuit fansels
Gjin Bojaar yn ’t sicht
Dat wie dochs in beswier
Dêr hienen je lykwols Igor
Dy stie foar de doar op wacht
Hie gjin burd mar al in snor
‘Jou my gau dyn snor Igor‘
Spriek Tsaar Piotr
Dy helpt my troch de nacht
Fertel my ris…kin it nóch gekker?
Mar ferdomd…wier is wier
It holp dat bytsje hier
Bozje moi! Wat lei dát lekker
Igor soe wat krije út ’e tresoar
Spitich dat de Tsaar yn syn sliep ferstoar
De Bojaren songen…songen…songen
Mei dûbeldûbelde alkotongen:
Igor hie in snor in snor in snor
Wy drinke wodka en gjin wetter
Igor sûnder snorresnor
Dat liket stikken better
It tredde moannegedicht fan septimber fan Anne Feddema.
Papel Solo
Al dagen hie ik se sjoen
De kloft wiersistersusters
By de Sevillaanske katedraal
Swaarmjende Sibillen
Jild is har taal
Hast fjochtsjend
Om de geunsten
Fan ’e takomstoerist
Se hawwe gjin
Reade holdoekjes
Grutte earringen
Gjin bol fan glês
Hja drage Kappaklean
Cervezasynikus yn my seit:
Is dit wurkje foar je lean?
Hjoed de lêste dei
Yn ’e stêd fan Carmen
En Don Juan
Dat…sucht…
It moat mar wêze dan
Wat bringt de takomst my?
Ik jou har myn hân
Dêr begjint it al
Ik sil âld, lokkich
Én ryk wurde
Ik hear it eameljen
Al net mear
No kin ik har hân lêze
Ik jou har twa euro
Mar se seit:
‘ Papel solo ‘
Jild wol se mar dan
Allinne fan papier
Ik rin hookstrooks fuort
En wiis op myn kont
Sjong sawat
Papel solo
Papel solo
Brûk ik foar stront
Twadde Moannegedicht fan Anne Feddema, dichter fan septimber.
Dit fers haw ik skreaun nei oanlieding fan in berjocht yn it moarns betiid krantsje Metro, yn’e trein fan Ljouwert nei Harns…yn rekôrtiid sels.
Wrâldrekôrs
Och heden…hjoed
In nije edysje fan
Guiness World Records
Alle dagen wedstriid rees
Eartiids…’ The Guiness Book Of Records ‘
Tsjintwurdich mear database
Hoefolle wiete T-shirts
Lûk ik oer de holle
Yn ien minút
Wa kin it skele?
My gjin sprút
It stekken fan 3.500
Toskpluzers yn jo burd?
1000 yn in lyts kertier?
Dat giet mar hurd
Der binn’ sels minsken
Rekôrhâlders yn it betinken
Fan nije rekôrs
Hoefolle skonken
Yn ien bokse
Fan in broek?
Soe der ek ien wêze dy’t
Meardere kearen deagien is
En weromkaam?
Tinkt my net
Dêr is mar ien
Persoan yn slagge
Dy is rekôrhâlder yn
In hiel oar boek
Anne Feddema is dichter fan ‘e moanne septimber, dan hat er ek syn jierdei. Hy fûn it moannedichterskip foar RIXT in moai kadootsje foar himsels.
Cambuur thús
Dizze jûn freed
Stiet de wyn
Diskant op
Yn it stadion
Giet it need
Earne op ’e tribune
Moat in pausarius sitte
Grutte tromme
Slach nei slach
Stimroeiers foarút
It giet deroan wei
Cambuur thús
Klupsjaal Cambuurklotske
Lûde stimme ritme
Koart en strak
In grouwe jonge fêst
Read hert
Read hart
Cambuur thús
Beiertsbomtromme
Taskôgers roei
Ut Woanskip
Foarby de stjerren
Kampioenskip blierket
Cambuur yn it bloed
Doch jimm’ bêst
Alles komt goed
Nei de rêst.
Sytse Jansma syn twadde moannegedicht fan augustus.
De Amazoane stiet al skoften yn ´e brân. Hoe kin it dat der no pas omtinken oan jûn wurdt yn ´e media? Ik wie rekke troch de reaksje fan Juarez Saw, in man fan de Munduruku-stam yn de Amazoane. Hy freesde foar syn libben. Sjoch nei it filmke by dit nijsberjocht. Hoe moatst it útlizze dat it opbaarnen fan de Amazone earne goed foar is? Wêrom soenen de Brazilianen (lykas Nero?) harren eigen lân opbaarne? De wrâld liket ynienen wekker te wurden tusken allegear nije feiten. En de sûndebok wie ek drekst fûn: Bolsenaro. Alle kranten sieten der boppe op en tweets fan ferneamde fuotballers en modellen waarden dield. Bolsenaro hie ek al in sûndebok fûn: de NGO’s. Binne dat de ienige skuldigen? Hoe komt it dat de minsk it safier gean lit? Dêrom twa nije skeppingsgedichten: A en B. Om it mar begripe te kinnen hoe’t de minsk docht sa’t er docht.
Foto: NOS
TWA SKEPPINGSGEDICHTEN A
Yn it begjin wie der neat as it ûneinige.
It ûneinige rekke swier en skoep sa it einige.
Beppe wie ien mei it ûneinige en it einige.
Beppe makke ierde en neamde har Mem.
Yn it begjin wie Mem lykwols wyld en tsjuster.
En der wie noch nimmen.
Doe makke Mem fjoer en it waard ljocht.
Alle jûnen gong it fjoer efter de kym.
En alle moarnsskoften kaam er wer werom.
Mem wie grutsk op fjoer en neamde him Sinne.
Doe makke Mem beammen sadat der azem wêze koe.
No koe der mar omraak sykhelle wurde.
Ut ´e tûken en de blêden fan ´e beammen makke Mem Minsk.
Mem wie sljocht op Minsk.
Alle dagen liet Mem azem troch Minsk’s longen streame.
Alle dagen liet Mem Sinne de hûd striele fan Minsk.
Mem hold sa bot fan Minsk dat er alles wol foar Minsk dwaan woe.
O Minsk, sei Mem.
Ik hâld fan dy krekt sa ast bist.
Kinst my dyn triennen jaan.
Ik sil myn rivieren der mei folje.
Jou my dyn lilkens.
Ik sil it út myn djipste omheech donderje litte.
As lava oer myn rêch rôlje litte.
Ast wurch bist, meist dy deljaan op myn sêfte gerslannen.
Dyn winsken en dreamen sil ik foar dy ynkleurje mei reinbôgen fan leafde.
Minsk wie bliid en betanke Mem alle dagen.
Mem wie bliid en betanke Beppe alle dagen.
En ek al koe Minsk Beppe allinnich fan ferhalen,
dochs betanke er har alle dagen.
B
Alles wie al in skoftsje geande, de Selva
hime as in hjitte simmer, de dea,
de hurde leafde fan in god, litte wy him Nero neame.
Nero wie grutsk op ´e selva, mar dreamde
oer takomstige glêzen stêden.
Hy foarseach in drege skepping, mar toch.
Tusken it flamjende kreëarjen troch, song er lieten
as hie er Troje ferslein, en doe tadaaa: It Gouden Hûs.
It Gouden Hûs rekke swier fan fertinkingen.
As Miggen op in bonkjende ier,
kamen de moarnsblêden út alle hoeken fan ´e wrâld.
Trije wiken wie der neat oer it Gouden Hûs skreaun,
mar no wie de loft fol tonger en bliksem.
Reekgerdinen waarden iepenlutsen;
it WNF, de INPE en NASA waarden rieplachte,
lykwols skriuwers as Cassius Dio en Tacitus.
Ik skink jim myn soan Bolse-Nero, sei Nero doe gau.
Bolse-Nero betanke syn heit en sei tsjin de minsken:
Lit jim jild streame yn fûnsen en oare subsydzjefoarmen.
Jou jim lilkens oan alle NGO’s, dan meitsje ik der wat moais fan.
Ik jou jim apatyske romten mei Soja, de selva,
in grize wale.
Bolse-Nero wie bliid en betanke de Miggen.
Nero betanke de selva of de Simmer,
wa't ek mar earder wie, eltsenien seach
en swijde ferstive yn in wrâld fan flammen.
Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Under de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere eksplodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken om it libben as gefolch fan de ûntstiene druk en de yntinse waarmte dy’t frijkaam. It totaal oantal deaden rûn úteinlik nei de 140.000 ein 1945. Noch hieltyd binne der hibakusha’s (en bern dêr fan ) dy’t lêst hawwe fan de gefolgen fan dizze ramp.
De boargemaster (Kazumi Matsui) fan Hiroshima sei hjoed yn syn speech dat Japan it ferdrach ûndertekenje moat dat nukleêre bommen ferbanne wol. Neffens minister-presidint Shinzo Abe is dat noch net sa maklik. De Treaty on the Prohibition of Nuclear Weapons (TPNW) is yn july 2017 troch 122 lannen ûndertekene, útsein Japan en de USA.
Hiroshima, 6 augustus 1945
dit fers is in oanklacht tsjin nukleêre wapens
no’t ik wit hoe beheind piloaten, minsken, lannen
dat dan dochs it lûkje iepengiet, in ‘little boy’
boppe boartsjende skoallebern
in heit op ´e fyts nei wurk, in wachtsjende mem
op ´e treppen fan it sintraal stasjon
dat it samar omset wurde kin
yn inkele sekonden
minsken, pratende mei-inoar,
elkoar fol libben yn ´e eagen sjen,
gewoan sizze wat se op dat momint
even sizze woenen
ta sisterjende hompen fleis
in minsk, datst der bist,
en dan samar net mear
en dat alles dêrnei as yn in delirium
delslacht, as swart-helske rein
op it oerstallige; de kopkes op tafel,
it boartersguod yn ´e tún, de klean
yn ´e kast
en datst ûnder de brokstikken
fan wat in hûs west hat,
inkeld ferbrizele bonken fine kinst
wite poeier dat opstoot
by in allersêftst sigentsje
Yn ‘e bocht by Surch, deun by de Ofslútdyk is in strantsje dêrt’st net swimme kinst, it is der fierstente ûndjip en it leit der fol mei waaddrek. Mar it is der prachtich en fielst dy fuort ferbûn mei alles wat dêr yn stilte plakhat: it wetter, de ielguozzen, de kobben en de oare fûgels, de núnders, de rook fan it waad.
Dêr ûntstie it begjin fan dit fers. Yn de einferzje gong it wilens oer djippere wetters dan dy’t dêr wiene. Uteinlik komt it dêr yn sa’n gedicht fan my hast altyd op út, oft ik dat no wol of net.
Opmjitte foar in skulpdier
Alles nimt it seegriis
yn syn melodrama mei
de kobbe oan de floedstripe
giet der ris goed foar sitten
fier, yn stille kolonne
gluorje lêste seilen
in silhûet ferstoot
weachslaggen sizze de wacht oan
Grutte tema’s wielje, gêste
streame yn ûndjippe puollen
Ik slút de skealjes, simbalen
tûmelje mei yn myn nachtuniversum
Wylst it wrot en syst'ret om my hinne
sakje ik it djippe tsjuster yn
en núnderje it liet net stil te krijen
dêr't see fol fan sit
Opmaat voor een schelpdier
Alles neemt het zeegrijs
in z’n melodrama mee
de meeuw aan de vloedlijn
gaat er eens goed voor zitten
ver, in stille colonne
gloeien laatste zeilen
een silhouet verstuift
golfslagen zeggen de wacht aan
Grote thema’s kolken, gisten
stromen in ondiepe poelen
Ik sluit de schalen, cimbalen
tuimel in m’n nachtuniversum mee
Terwijl het om mij woelt en sist
daal ik naar het diepe duister
en neurie het onstilbaar lied
waarvan de zee vervuld is