Wâldpiken vs Klaaikluten is woansdei 4 desimber de battle by IepenUp Live. RIXT hat trije dichters frege om dy arena te betreden. Wâlddichter Arjan Hut, Grytsje Schaaf, opgroeid yn Berltsum mar eins ‘hybride’ mei in wâldpyk-heit en in klaaiklút-mem, en Joël Huitema foar de schwung fan de Súdwesthoeke.
Op útnûging fan Ljouwert-Fryslân City of Literature folgje fiif RIXT-dichters de ferhalejûn fan 15 novimber yn Fryslân. De dichters kieze sels in ferteller en in lokaasje, en skriuwe in gedicht oer har ûnderfinings. De folgjende RIXT-dichters dogge mei: Edwin de Groot, Elmar Kuiper, André Looijenga / Tryntsje van der Veer (ien fan beiden of as duo), Henk Nijp en Carla van der Zwaag. Harren gedichten sille begjin desimber publisearre wurde.
Op 24 oktober lêstlyn wie it gesellich fol yn De Basuin yn Ljouwert. Mei’t de Deenske dichter Carsten René Nielsen seis wiken yn Grins ferbliuwt om nij wurk te skriuwen en ûnder oaren Nyk de Vries oer te setten, hie RIXT him útnûge foar in optreden. Trochdat Nielsen in proazadichter pur sang is, waard de jûn om dat sjenre hinne boud. Om dy reden wie proazadichter fan eigen boaiem Nyk de Vries ek oanwêzich.
De wikseljende gelegenheidsformaasje Reade Runen – besteande út Elmar Kuiper, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar – dy’t in bân mei Denemarken hat, om’t hja dêr yn maart fan dit jier wienen en no in Frysk-Deenske bondel gearstalle en oersette, trede ek op. Lykas sein is it in wikseljende formaasje, dat Hein Jaap Hilarides ferfong op ’e jûn Tigchelaar, mei’t dy lêste de jûn al oaninoar prate.
Tigchelaar begûn de jûn mei de fraach oan it publyk oft hja wol wisten wat no eins in proazagedicht wie. Der gie skruten in fingerke as twa omheech. Hy hope dêrom dat de minsken oan ’e ein fan de jûn wizer wêze soenen.
Hein Jaap Hilarides
Hilarides biet de spits ôf mei fersen yn it Biltsk en sels yn it Ingelsk, om Nielsen te geriven. Der moat hjir sein wurde dat Nielsen Nederlânsk leart en dat wilens al aardich neikomme kin.
Nyk de Vries
De Vries hie alle tiid om ôfwikseljend mei muzyk en byld syn proazagedichten foar te dragen. Dat wie sa in mear multymediaal optreden en wie net allinnich goed, mar joech de jûn ek fariaasje.
Syds Wiersma
Syds Wiersma hat fan ’t simmer yn Ierlân west en alle ûnderfinings en moetings dy’t er dêr opdien hat, jit er no yn it mal fan it proazagedicht. Ferheljend en mei rike taal naam er it publyk mei op syn reis.
Carsten René Nielsen hie in bûnte seleksje makke fan syn gedichten út syn lêste bondel Enogfyrre tin (Ienfjirtich dingen) en Tigchelaar lies dêrby oersettings foar yn sawol it Nederlânsk as it Frysk. Der wienen yn it publyk minsken dy’t it Deensk neikomme koenen, dat Nielsen wie wakker optein dat der ûnder syn Deenske foardracht lake waard.
Elmar Kuiper
Nei it skoft wie it wurd oan Elmar Kuiper dy’t op ’t skik wie en tusken syn foarlêzen troch smeudich fertelde oer de tiid dat hy as lyts jonkje mei syn heit, dy’t feefotograaf wie, meigie.
Nyk de Vries
De Vries kaam wer oan bar mei syn performance. Hy naam ús mei nei in fraachpetear dat hy en oaren fan de Blauwe Fedde mei Rink van der Velde hienen, yn LA sieten wy op in hyskraan, it folgjende momint yn it kluphûs op ’e Harkema. Nielsen fertelde dêrby noch dat de perfekte oersetting fan ‘kluphûs’ yn it Deensk ‘forsamlingshus’ is. In bettere oersetting is der yn gjin oare taal tinkber, is er fan miening.
Cornelis van der Wal
Cornelis van der Wal lies fjouwer oersette proazagedichten foar fan Rimbaud, Baudelaire en Revérdy. De lêste is minder bekend, hy moast bekenne dat er Revérdy sels ek net earder koe as no. Van der Wal hie de fersen treflik oersetten en de justjes rauwe fersen akkordearren perfekt mei syn Walliaanske foardracht.
De Frânsen hawwe it proazagedicht útfûn, sa kin steld wurde. Dat wie foar Nielsen in geweldich brechje, nei’t Tigchelaar him frege hie om it publyk jitris dúdlik te meitsjen wat no in proazagedicht is. Yn Frankryk wie it allegearre begûn, mar hjoed-de-dei is it benammen yn de Feriene Steaten en Kanada in soad brûkte fersfoarm, yn Europa net sa bot (mear).
It proazafers sit hiel ticht tsjin it saneamde flash fiction oan. In proazagedicht is faak ek ferheljend, it is koart proaza, mar nettsjinsteande dat is it poëtysk fan taal en mear ynklonken. Yn de bondels fan De Vries steane gedichten dy’t Nielsen dan wer ûnder it koartproaza befiemje soe, mar Nielsen konkludearre dat it wichtichste skaaimerk wannear’t in proazagedicht in proazagedicht is bywannear’t de dichter it sels sa betitelet. Op it omkaft fan De Vries syn bondels stiet dat it proazagedichten binne. En dêrfandinne binne it simpelwei proazagedichten, neffens Nielsen, om’t men sa de lêzer in freemwurk jout.
Dêr koe nimmen yn ’e seal mear oan taheakje, dat dêrom betanke Tigchelaar yn it bysûnder Dichterskollektyf RIXT en Boeken fan Fryslân foar de (finansjele) stipe en koe sa elkenien yn de smûke Basuin noch ien drinke mei de dichters.
Tsien dichters te gast by IepenUp Live oer Dieredei
Kommende woansdei 2 oktober stiet IepenUp Live yn it ramt fan Dieredei. It is de bedoeling dat it ien grutte bisteboel wurdt: sprekbeurten, muzyk en gedichten oer favorite bisten. Troch de jûn hinne trede tsien dichters op, wêrûnder fiif Frysktalige dichters fan RIXT: Evita Bakker, Edwin de Groot, Ineke van der Heide, Sipke de Schiffart en Janneke Spoelstra.
Peter Vermaat, Nederlânsktalich en ek RIXT-dichter, slút de jûn ôf. Hy is kenner fan Fransiskus fan Assisi en makke ferskate teaterfoarstellings oer him. Fransiskus stoar op 3 oktober 1226 yn Portiuncula. Op 4 oktober waard syn lichem yn prosessy nei de San Giorgio yn Assisi droegen, dêr’t er begroeven waard. Twa jier letter waard er troch de paus Gregorius IX hillich ferklearre en sa waard 4 oktober syn feestdei. Yn 1929, by in ynternasjonaal kongres fan ferienings foar dierebeskerming, waard de dei fan Fransiskus útroppen ta Wrâld Dieredei.
IepenUp Live begjin om 20.00 oere.
De seal is iepen om 19.30
Datum: woansdei 2 oktober Seal: Neushoorn, De Backstage Tagong: fergees
De RIXT-dichter Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, Elmar Kuiper en Hein Jaap Hilarides drage foar op in spesjale proazagedichtejûn yn de Basuin te Ljouwert. Fierders binne te gast de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen en Nyk de Vries, twatalich dichter en skriuwer.
Jack Bottleneck en Stone Crobs haadakts Liet presintearret: Satelliet húskeamerkonserten yn Aldebiltsyl en Grou
As ûnderdiel fan de nije Liet-organisaasje begjint yn oktober in nij ûnderdiel: Satelliet. Yn twa spesjale húskeamertours troch Aldebiltsyl en Grou is yn trije húskeamers jong Fri(e)s talint te hearren. Dichters fan it Frysk Dichterskollektyf RIXT trede yn ien fan de húskeamers op. De fergese rûte wurdt ôfsletten mei in gruttere akt. De húskeamertours binne op 4 en 11 oktober. Op beide freedtejûnen kinne maksimaal 100-120 persoanen oanslute. De tours binne fergees, oan it ein fan de jûn wurdt de besikers om in eigen bydrage frege.
Yn Aldebiltsyl is in bûnt selskip oan âld-Lietwinners te sjen, de winners fan 2012, 2015 en 2018 trede op.
Yn Grou treedt jong talint op yn bysûndere lokaasjes, ûnder oaren in túnmeubelsaak, in B&B en in âld tsjerkje.
Foar beide rûtes is it sammeljen tusken 19:30 en 20:00. Yn Aldebiltsyl (4 oktober) is it plak hjirfoar it Graauwe Paard, haadakt de Stone Crobs treedt dêr fan 22:30 oere ôf op. Yn Grou begjint de rûte by túnmeubelsaak Werpsterhoeke. En wurdt der by Grootcafé Treemter einige. Haadakt Jack Bottleneck treedt hjir fan 22:30 oere ôf op.
4 oktober
Haadakt Stone Crobs (winner Liet 2018) yn it Graauwe Paard yn Aldebiltsyl.
Yn de húskeamers:
– Aerden Plaats: de dichters Janneke Spoelstra (Alde Leie) en Carla van der Zwaag (Peins) fan Frysk dichterskollektyf RIXT
– Neeltjes schuur: J.A.N. (fuortsetting fan Yldau, winner Liet 2012)
– Kerkje bij Simone: Marit en Pa (Marit & Nigel, winner Liet 2015)
11 oktober
Haadakt Jack Bottleneck yn Grootcafé Treemter yn Grou
Yn de húskeamers:
– Sintrum Grou: Leonard Ford
– Túnmeubelsaak de Werpsterhoeke: Chris Egberts
– Bed&Breakfast: de dichters Edwin de Groot en Dirk Geerdink fan Frysk Dichterskollektyf RIXT
Trije RIXT-dichters op Frysk–Grunneger literêre jûn Europese Taledei
Om Europeeske Taledei te fieren organisearret it Europeeske Buro foar Lytse Talen (EBLT) op tongersdei 26 septimber by de Fryske Akademy yn Ljouwert in literêre moeting tusken Fryslân en Grinslân. Trije Grunnegerstalige skriuwers en trije dichters út Fryslân sille op dizze jûn yn Ljouwert optrede. De singer-songwriter Gert Sennema, bekend fan de band Westkantstad, sil syn Grunneger nûmers sjonge. De foardrachten op dizze Frysk-Grunneger literêre jûn komme fan Aly Freije, Hein Jaap Hilarides, Sytse Jansma, Tonko Ufkes, Harry van Velsen en Carla van der Zwaag.
Datum: 26 septimber
Tiid: 20.00-21.00 likernôch) – ynrin: 19.30
Plak: Fryske Akademy
Tagong: fergees