Ofrûne wykein wie de Fryske poëzy goed fertsjintwurdige by de ienentweintichste ôflevering fan Dichters in de Prinsentuin yn Grins. Dat begûn sneon al op it sfearfolle Theeveld en yn de Loofgangen mei optredens fan Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga. Sneintemoarn stie it festivalprogramma alhiel yn it teken fan Fryske dichters. In grutte groep poëzyleafhawwers sammele har op it binnenplein fan it Skipfeartmuseum foar in Fryske-Brunchkuiertocht. Elmar Kuiper, Gerrit de Vries en Syds Wiersma iepenen dêr de kuiertocht. Se makken it dek fan it skûtsje Alida ta har poadium. Dêrnei waard Reid-Wurd-Wyn, de nije Font-film fan Eeltsje Hettinga en Lotte Middendorp, yn it Skipfeartmuseum fertoand. Spitigernôch moast Hettinga him siik ôfmelde foar syn koarte ynlieding oer de steat fan de hjoeddeiske Fryske poëzy. Yn stee dêrfan ynterviewden Kuiper, De Vries en Wiersma elkoar oer har dichterlik krewearjen. Op de Grutte Merk wie Geart Tigchelaar doe al dwaande mei de warming-up foar syn dichtersbattle mei de Grinzer dichter Myron Hamming. Tigchelaar, dy’t hope hie op in flugge knock out, wûn it gefjocht neffens de Rotterdamse skiedsrjochter Dean Bowen, úteinlik op punten. De Fryske brunchkuier einige yn de Prinsentuin mei kliemske sûkerbole en The Siskins, in nij oersetters-sangerstrio mei û.o. Friezinne Klaske Kamstra. Neidat Arjan Hut it publyk op it Theeveld soel heupwidzje liet op fersen út syn bondel Aurora Bossanova, treden de neamde dichters middeis op yn de Loofgangen.
De foto’s binne snein makke troch Ydwine Scarse en Geart Tigchelaar






