Fyftjin FF’en fan Frijheid: Poilvache

Ut alve ynstjoerings dy’t ús oprop foar de Fyftjin FF’en fan Frijheid opsmiet, hat de redaksje fan RIXT fiif gedichten selektearre. Dy publisearje wy de kommende dagen op ús webside. Ien gedicht is bekroand. Dat ferskynt op 5 maaie. As beleanning krijt dy dichter de bondel Arbolarium.

De mânske blomlêzing Arbolarium is in Kolombiaanske blomlêzing fan 148 dichters, fan 78 lannen oer fiif kontininten, fandêr de ûndertitel De los cinco continentes. Geart Tigchelaar is ien fan de dichters dy’t yn dizze blomlêzing opnommen is.

As fyfde, en winnende gedicht yn it ramt fan Fyftjin FF’en fan Frijheid ‘Poilvache’ fan Gerrit de Vries

 

Foto: Geart Tigchelaar
Poilvache

ferdwaalde toeristen
kinne der noflik kuierje
en nei de tiid in slokje

it is stil yn Poilvache
beammen waakse
út de ynstoarte muorren
dambuordsjes fladderje
moai en rêstich
boppe in fjild
mei wylde blommen
ûnder de rotsen
glimket de Maas
fredich

gjin krâns te sjen

seishûndert jier lyn sawat
is hjir in stêd
útmoarde en
platbaarnd

soe it
elts jier
ien minút
stil west wêze
flaggen healstôk

soe immen hjir ea
in fers foarlêzen ha
soe der in stille tocht
west ha
soe immen sein ha
dit nea wer
wy sille nea ferjitte

as aanst de stimmen swije
folgje wy dan it spoar
keapje in kaartsje
yn Westerbork
lústerje stielen earen stil
nei in swijsum swurk
bloeie iensum
wylde pearze lupinen
fredich

kinne wy dêr dan noflik kuierje
en nei de tiid in slokje

hawwe we frijheid
om te ferjitten

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *