Nij, aktueel gedicht fan gastdichter Martsje de Jong.

Firusfrij Freed noch frege de jongste Wannear ha wy wer ris fakânsje Altyd mar nei skoalle, jou my frij. Se kochelet. Wat yn ’e frede wolst Te fakânsjefieren Yn maart? Foarjiersfakânsje Wie it yn febrewaris ommers noch? Se kochelet. In earstejiers middelbere skoalle Mei de puberhormoanen Oant achter de earen. En har nocht. Foarmet de snotnoas foar har De escape? De flecht Fan fierstefolle ferplichtings? Se kochelet. Fjouwer dagen fierder Fryslân hat frij In soarte fan algehiel froastferlet Frij! ropt se. Frij! Elk hat firusfrij.