Gilgamesj yn Huzum-West

 

Foar de Ferhalejûn op 15 novimber 2019 waard RIXT frege om fiif dichters op ‘en paad te stjoeren en poëzy by ferhalen te skriuwen. De gedichten binne klear en wy publisearje se dizze wike op ús webside. Hjoed de fyfde, fan André Looijenga.

André Looijenga fytste op de Ferhalejûn nei de Ljouwerter húskeamer fan Pieter Hoekstra, dy’t it epos fan Gilgamesj neifertelde. Dat trúnde him oan om dit âlde Mesopotamyske epos werom te lêzen. De oersetting fan de koartlyn ferstoarne Grinzer assyriolooch Herman Vanstiphout lit sjen hoe fragmintarysk de tekst op klaaitabletten oerlevere is.
Yn de gedichtesyklus ‘Gilgamesj yn Huzum-West’ komt dat fragmintaryske ek ta útdrukking.

Gilgamesj yn Huzum-West

1.
Binne wy brok-
stikken […………] bakte klaai

[………………] âldste stimmen
yn ’e heaze groeven fan it spikerskrift

út ’e nacht fan grûn, út it twiljocht
fan ’e no-tiid [……………]
komme [……] jimme

fragminten [?, ………]
dan troch de floed wer ta klaai
2.
(de jongerein fan Uruk sjongt:)

Grut is ús kening Gilgamesj!
Hoeder fan Uruk, ús stêd,
fol is syn burd, machtich syn hân,
twatredde in god, ientredde minske!

Hy lit gjin soan oan de heit,
gjin dochter lit er oan de mem,
gjin faam lit er oan har feint!

Syn krêft ken gjin wjergader,
nimmen oerstrielet syn skientme.
Muorren boud fan stien en striders,
diken rjochtet er op tsjin de floed!

Hy lit gjin soan oan de heit,
gjin dochter lit er oan de mem,
gjin faam lit er oan har feint!

Rûnom sjocht ús kening Gilgamesj!
Syn each folget ús al den dei,
syn kamera’s lêze ús dwaan
en syn earen hearre ús tinzen.
3.
Enkidu ha de goaden doe bakt út klaai
ta wjergader, spegelman, tsjinminske
Enkidu ha de jagers sjoen yn it berchlân
skieppehoeders praten fan him by de fjurren
rûch, swart en neaken mienden hja him
op fjouwer poaten strunend nei har keppel

fan Enkidu dreamde de kening fan Uruk
deadwaan dat ûndier, sinde Gilgamesj
op Enkidu ôf stjoerde er in frommes
Sjamhat, in hoerke fan bûten de poarte
de kening wedde mei it ljidske as ies
lokke er it meunster nei syn heldestriid

Enkidu doe’t se him fûn yn it fjild
seach se yn ’e eagen, in aai om ’e kop
Enkidu bea hja har mûle, har boarsten
wale en rok ôflein bea se har skurte
sân dagen, sân nachten wie se mei him
it liif glânzge fan krêft yn har earms

om Enkidu hinne gloeide syn minskelea
oanrekke troch de frou, gûlde syn each
oan Enkidu rikte hja bôle en bier
hy preau, hy slokte, hy loste syn tonge
Sjamhat hong har kleed om syn skouders
Enkidu spruts: ‘nei de stêd liedsto my’
4.
Novimber is in sachte moanne, tsjuster
en in kearse foar it rút dy’t nûget
yn in rychjeshûs ommitsele, Huzum-West
jit de ferteller ús in bakje kofje yn
nimt plak op syn houtene troan

it âldste ferhaal fan ’e wrâld, út
Mesopotamië, 2000 f.Kr.
draacht er op oan syn jongste pakesizzer
epos oer freonskip, goed tsjin kwea
ferlies – ‘ik lies it nei myn skieding’ –
sykjen nei ivich libben en jin dellizzen
by it einige

ta beslút besjogge wy syn kuierstêf
en winsket er ús goejûn
5.
(master dikteart oan syn learlingen:)

Skriuw mei, jonges, en lear fan de foarfaars.
Twa gelikense helden, Gilgamesj en Enkidu,
hiene inoar troffen yn slaanderij, like hurd
sloech de ien de oar, gelyk fan earms en lea.
Net te winnen striid waard freonskip: lykwicht
fan twa like sterke, moaie mannen – opljeppen
Gilgamesj, Enkidu syn gewisse en ferstân.
Leist ommers de pylk yn ’e midden fan de pees.
Goadinnesoan en nimmens soan tegearre
regearden de stêd Uruk, mei folk en senaat.
Tegearre oerwûnen se de reus fan de seders,
dwêsten se de fjoerspuiende bolle fan Isjtar,
fersoenden se de goaden mei timpels en rjocht.
Want de steat bloeit yn iendrachtich ferskaat.
Nei’t Enkidu ferstoar, is Gilgamesj as helte
op ’e swalk rekke troch bergen, oer oseanen,
socht er in oerwinning oer dy lêste sliep.
Mar gjin moed of wapenreau koe dat werroppe,
witte moast er dat de minske hjir net ivich is
en in midden is tusken goaden en de dea.
6.
Machtich Uruk efter hege muorren
hoe bisto ta in púnfal keard
fergruzele dyn timpels, kaden en paleizen
dyn taal yn skerven, it skrift ferleard

Slieptest lang yn neiteams grûn
bulldozers ha dyn sites fergroeven
dyn erf wurdt rôve en ferpatst, net ûnlyk
hoe’t se dyn bernsbern skeine

Wat bin’ dyn fersen yn ’e skimer
fan betonnen ruïnes, plestik tinten
pantsere compounds fan eigen gelyk
dôve eagen, hollen sletten tsjin petear
7.
Gilgamesj plôke ta beslút de blomme
it teare saffraan fan ivige jeugd
hy joech him del en wylst er slomme
kroep in slange del en iet de bút

de held sliepte oer it libben en de dea
de besile úteinen fan de wrâld
syn misse setten, harren reizen
de spegeling fan de oar, en seach:
‘Enkidu bin ik, en hy wie my’

hy rôle him doe yn it maitydsgers
en de simmer geat syn gloede
de hjerst stjalprein, giele blêden
en de winter duts him ta

wat bleau

in namme
ynkurven yn brutsen tabletten

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *