Fjoerstiennen

 

Foar de Ferhalejûn op 15 novimber 2019 waard RIXT frege om fiif dichters op ‘en paad te stjoeren en poëzy by ferhalen te skriuwen. De gedichten binne klear en wy publisearje se dizze wike op ús webside. Hjoed de fjirde, fan Tryntsje van der Veer.

Tryntsje van der Veer wie by de Stjerrewacht yn Burgum, dêr’t ferhalen oer de Burgumer Markultuer, it stjerrestelsel en de skiednis fan stinzen ferteld waarden. Tema: ‘as stiennen sprekke koene’.

Foto: Geart Tigchelaar
Fjoerstiennen

sonoar klinke echowurden
oer skerpe spjalte stiennen
as reau yn grouwe fûsten
fan immen yn bistefel toaid

yn ’e koepel mei dimmen lûd
net iepene it ferburgen lûk
nei stjerrestelsels al klonken
rigen ljochtjierren en planeten

sûge yn in betiizjende baan
as in satellyt ienpearich ik
skôger fan myn neatich sels
projeksje yn tiid en romte

brutsen út it ierdsk ferwulft
dreaun op it bêd fan frijheid
linken slipe ta grint en sark
ferwurden yn tekens kurve

helder wjerklinke ferhalen
op it ambyld fan ’t ferline
dy’t gleone swurden smeie
swijende palmen ûntslute


Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *