PARSEBERJOCHT: RIXT FRISIAN POETS PACK ONLINE

Us  Ingelske webside stiet online! In grut part fan de 45 dichters dy’t by RIXT oansletten binne, hat oersettings fan eigen gedichten foar de webside ynstjoerd. Boppedat hawwe de RIXT-dichters no njonken in Frysktalich ek in Ingelsktalich dichtersprofyl.

De Ingelske webside fan RIXT sil brûkt wurde om in begjin te meitsjen mei in wichtige doelstelling fan it dichterskollektyf: de Fryske poëzy ynternasjonaal op ‘e kaart sette. Wy wolle de kommende jierren ús bêst dwaan om mear Fryske dichters op ynternasjonale poadia te krijen en de Fryske poëzy ûnder de oandacht te bringen fan dichtersnetwurken yn it bûtenlân. Wy dogge dat graach yn gearwurking mei oare dichters, de literêre tydskriften en kulturele organisaasjes.

De Ingelske webside fan RIXT is gjin oersetting fan de Fryske. De Ingelske side hat in oar karakter en doel. De Fryske side rjochtet him benammen op de aktualiteit. Dêr pleatse wy gedichten oer aktuele tema’s op. De Ingelske webside jout mear in oersicht fan ynternasjonale projekten en optredens dêr’t Fryske dichters by belutsen binne. De kommende tiid sille wy ús Ingelske side noch libbener meitsje mei audio- en fideo-opnames fan Fryske gedichten. Net-Frysktaligen kinne it lûd fan de dichters dan hearre by de Ingelske oersettings.

Oar nijs is dat wy trije Nederlânsktalige dichters by RIXT wolkom hjitten hawwe. It giet om Job Degenaar, Dien L. de Boer en Peter Vermaat. Alle trije wenje se al jierren yn Fryslân en fiele se har ferbûn mei de Fryske literatuer. Yn de moanne july is Job Degenaar RIXT-dichter fan de moanne en sille der twa aktuele gedichten fan him op de webside ferskine.

RIXT bestiet no ien jier. Yn it earste jier lieten wy allinnich dichters ta dy’t yn it Frysk (of in Fryske streektaal) skriuwe. RIXT waard û.o. oprjochte út argewaasje oer de beheinde oandacht dy’t LF2018 oan de Fryske literatuer en poëzy joech. Mei de mear as fjirtich Fryske dichters dy’t har yntusken by it kollektyf oansletten hawwe, is – fine wy – it punt wol makke dat de Fryske poëzy fitaal is, folop yn beweging en it wurdich om breed programmearre te wurden.

Dichters yn alle talen fan Fryslân binne wolkom by ús kollektyf. In betingst is wol dat se har ferbine wolle mei de Fryske poëzy. De webside fan RIXT bliuwt dêrom Frysktalich, mei no dus ek in Ingelsktalige fariant foar ynteressearre net-Frysktaligen.

Mear lêze? Sjoch: eng.rixt.frl (better noch: it Ingelske flachje boppe yn de menubalke oanklikke)
Mear ynfo? ynfo@rixt.frl

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.