Hjoed in (anty-)maitydsfers fan Ypie Bakker, dy’t har foarige wike
oansleat by RIXT.

Fergetten gongen Se omklammet in tas mei dierbere skatten bûsdoek, âld kaai – It sulver hat se earne bedobbe, seit se. Se is ferjitten wêr, ’t is al lang wei. De moasgriene jas flabberet om it bonkige liif op skuon fan keunstlear – want in ko mei net dea – doarmet se troch fergetten gongen. Juster wie ’k noch har bern, hjoed bin ik mem en moarn miskien samar in frou. Oant oare kear, groetsje ik en blaas har in tút. Eagen fan glês rinne my nei. Se sizze dat it maitiid is, ik fiel it net. ’k Wol it grien de grûn wol ynwâdzje en snau tsjin de fûgels fan hâld jim de bek.

