Syds Wiersma is de moannedichter fan desimber 2022 by RIXT. Syn earste moannegedicht is lette hjerst.

lette hjerst
yn ’e hjerst kin ik skriuwe
as skriuwen ôfstjerren is
oant it mei sizzen in skraal
leavjen wurdt
ik snoei ferwyldere ynjouwings werom
behimmelje myn eagen wyld yn ’e kop
fan te lange dagen
de ambysje baarnt noch efkes fûl, lit dan los
dwarrelet yn ’e sûs nei in skoat froastich en wyt
yn ’e hjerst kin ik skriuwe
as skriuwen in die wurde moat
fan dielnimming