Oade oan de ko

Wat sizze de ko, de boer en de boarger?

Pilot ‘Oade oan de ko’ yn Turns

Twa Fryske molkfeehâlders, de firma’s Schaap en De Boer yn Turns, dogge mei oan in pilotprojekt foar ‘Oade oan de ko’. Yn dizze pilot hawwe dichters en learlingen fan basisskoallen mei de ko en alle ferhalen deromhinne oan ‘e slach west.

Dichters op de pleats

De boeren binne keppele oan in dichter. Elmar Kuiper oan de boeren fan firma Schaap (Nelleke, Sjoerd en Jelmer) en Ytsje Hoekstra oan it molkfeebedriuw De Boer (Gerben, Wiebe en Auke-Ids). De dichters hawwe ûndersocht wat de hjoeddeiske relaasje tusken boer en ko is. Hoe stiet it derfoar mei de ko yn in tiid dat saken as stikstof, fosfaat, metaan, grûnwetterstannen, fersuorring en miljeu-easken foar ûnrêst en betizing soargje yn de sektor?

 

Ytsje Hoekstra

Feeboeren, har kij en de poëzy dêrfan

De dichters útfanhuzen inkele dagen op de pleats. Sy hawwe har ferdjippe yn de bedriuwsfiering, kultuer en skiednis van ‘harren’ boer. Sy holden har ek dwaande mei de aktuele dilemma’s yn de agraryske sektor. Dat smiet ferhalen en gedichten op. Learlingen fan de boppebou fan twa basisskoallen yn de omkriten, de Epema-skoalle yn Ysbrechtum en de Bonifacius-skoalle yn Reahûs, binne ek by it projekt belutsen. Sy hawwe op ekskurzje west nei de kij en fragen steld oan boer en boerinne. De bernegedichten binne ferwurke ta poëzyposters dy’t by de presintaasje op de pleatsen te sjen binne. De gedichten binne skreaun yn de memmetaal, oant no ta yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

De presintaasje fan it projekt

Tongersdeitemiddei 15 desimber 2022 (fan 13.00 oant 17.00 oere) wurde de risseltaten fan dizze artistike pilot presintearre op beide pleatsen. Belangstellenden kinne dan sels sjen hoe’t it der mei de kij op de beide bedriuwen foarstiet. De poëzyposters hingje tusken de kij. It Frysk Film & Audio Argyf toant dêr in histoarysk oersicht fan bysûndere filmbylden fan kij op en om de pleats, dat de skiednis fan de Fryske feehâlderij beljochtet. De beide dichters sille op harren ûndersykslokaasje ferhaal dwaan en gedichten foardrage. Der kin ek rauwe molke preaun wurde.

In inisjatyf fan de Stifting Boer en Keunst

Oade oan de ko is it earste grutte projekt fan de Stifting Boer en Keunst dy’t har ta doel steld hat om keunst yn te setten om de ferbining tusken boer, boarger en plattelân te befoarderjen, troch romte foar ferbylding te meitsjen. It projekt is ûnderdiel fan IIS, it mienskipsprojekt fan Arcadia. IIS is in produksje fan Arcadia en Keunstwurk en wurdt mooglik makke troch Provinsje Fryslân, Prins Bernhard Cultuurfonds en Univé. IIS is in projekt mei in maatskiplike eftergrûn: hoe binne wy goede foarâlden foar de generaasjes nei ús? 

Elmar Kuiper

De stap nei in folle grutter projekt

Willy Bergsma, community art keunstner, hat it plan betocht en de útfiering dien.

Takom jier folget nei de pilot it gruttere projekt Oade oan de ko. Dan dogge der folle mear molkfeebedriuwen en dichters mei. Ek oare disiplines, njonken poëzy byldzjende keunst en teater, sille dan ynset wurde om de ferhalen fan de boer en de gedichten krêft by te setten en de ko op keunstsinnige wize út te ljochtsjen.

De titel ‘Oade oan de Ko’
De titel fan it projekt is ûntliend oan in dichtbondel fan Willem Abma. De nestor fan de Fryske poëzy hat in bysûndere bân mei de ko, dy’t foar him in mytyske betsjutting hat as fiedster fan de minsken. Yn syn bondel Oade oan de Ko (2013) stiet de ko sintraal, krekt as yn dit keunstprojekt.

————————————————————————————————————————

Datum: 15 desimber 2022
Lokaasje: Kilewierwei 1 en 2, 8632 WL, Turns
Tiid: 13.00-17.00 oere

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *