KOR ONCLIN, FERWÛNDERING EN ÛNGERÊSTENS

L’Univers du Poète – I, oaljeferve op doek, 1985  –  116 x 89, Kor Onclin

Op sneontemiddei 5 maart wurdt yn OBE, poadium foar Fryske kultuer, de tentoanstelling KOR ONCLIN, FERWÛNDERING EN ÛNGERÊSTENS, iepene. Mei in seleksje skilderijen en objekten presintearret Tresoar oan de hân fan fjouwer tema’s in oersicht fan Onclin syn wurk. Ferskate dichters fan RIXT hawwe op útnûging fan de makkers fan de tentoanstelling poëzy skreaun by wurk fan Onclin. In seleksje út dy gedichten is opnommen yn de tentoanstelling.

De tentoanstelling wurdt nei in koarte ynlieding fan ûnder mear kurator Yvonne Willems en Kommissaris fan de Kening Arno Brok iepene mei poëzy en muzyk. Edwin de Groot sil dan syn gedicht ‘By in blauwereinbeam en in reinbôge’ foardrage.

Op freedtejûn 1 april hâldt RIXT in Literêr Sirkwy yn OBE. In literêre jûn nei oanlieding fan it wurk fan Kor Onclin, mei dichters en muzyk.
Dêroer ynkoarten mear.

Kor Onclin (Ljouwert, 4 desimber 1918 – Twello, 7 maart 2003) wie byldzjend keunstner. Syn styl is ekspessionistysk en besibbe oan Cobra. Foar mear ynfo oer syn libben en wurk, sjoch https://koronclin.com

Start programma iepening 5 maart: 16.15 oere (ynrin 15.30)
Lokaasje: OBE, Heer Ivostraatje 1, Ljouwert

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *