Winterpinnestreek 4 – Martsje de Jong
Ik bin in winterbern. Op ‘e wrâld kommen op in sinneskyn dei dat de temperatuer stykjen bleau op in graad as 5 ûnder nul. In waartype dat myn libben lang my as ideaal foarkomt. Ik hâld fan snie en iis, sels fan kwalster en skraabje fluitsjend de autoruten. Mar it ultime gelok is foar my it liet fan it iis. Sjongend, knappend, lokjend as in sirene en dan wer bangmeitsjend. Bûtenierdsk moai.
Fannacht haw ik dy sjongen heard
Fannacht haw ik dy sjongen heard
doe’tst tochtst dat net ien dy hearde
of wie it skriemen dat in útwei
socht mar stûke ûnder it masker
wite hynders fjouweren
gysten lâns it molkenpaad
in swipe knalde, pylken fjurren
triennen bestjurren yn dyn eagen
no hasto it harnas oan
ik sykje myn antlit
yn dyn antlit
fyn de spegel bewuolle yn in sucht
skein dyn siel mei wylde skrassen
skyl it flues fan dyn geheim
dûnsje stil, sûnder bewegen
om dy gean ik oer ien nacht iis
want fannacht haw ik dy sjongen heard
doe’tsto tochtst dat net ien dy hearde

Prachtig seker no alles wer yn de tocht der tochten werom grypt lez ik dit mei nyget