Winterpinnestreek 3 – André Looijenga

Winterpinnestreek 3 – André Looijenga

Boarnen yn de woastyn

Tsjusterte en wetterkjeld helpe deroan mei dat de winter net myn favorite tiid fan it jier is. It is binnensitterstiid, thúsbliuwerstiid, byldskermlêzerstiid. En de lockdown dy’t no noch foar hast alle nijsgjirrige, weardefolle dingen bûtenshûs syn skoattel skood hat, makket de feale winter noch flakker. Krekt no moatst dy doar wol út. No moatsto wol dysels fierder, djipper mei ideeën fiede.

Tusken krysttiid en âldjier wiene wy útpykt. Nei Berlyn. Dat wol ik as materiaal brûke om jim te fertellen oer wat my op it stuit dwaande hâldt. Net sa sear in ûnderhâldende kollum, mar in pear rûge streken. Notysjes om letter mei fierder.

Us hinnereis wie in roetkâlde dei. Wy hiene in kofjeskoft by Marienborn, in stikje foarby Braunschweig. Neist de Autobahnraststätte stiet dêr noch it dûanekompleks fan de DDR. Ik rûn dêr tusken de hokjes dêr’t earder paspoarten kontrolearre waarden. De konservearde barakken rûkten suver noch nei de repressive diktatuer fan doe. In swym fan koalen yn de froastlucht.

Marienborn, Gedenkstätte Deutsche Teilung – foto: André Looijenga

Berlyn is altyd geweldich. Winterdeis is it kontrast nammerste grutter tusken it minskelege, deadske ommelân en de stêd. – En oars as thús wiene dy kant fan de grins de boekhannels, de musea, de restaurants, de tsjerken (folslein ferantwurde fansels) iepen.

Tsjerken. Berlyn is net in stêd fan tûzenjierrige abdijen of barokke beafeartsbasiliken. Soms jouwe de bakstiennen neo-goatyske tsjerken yn Berlyn de yndruk krekt sokke searjeproduksje west te hawwen as de huzeblokken. Mar dy tsjerken, luthersk, roomsk of oare smaken, binne sa goed as allegear noch yn gebrûk. Yn Dútslân binne de tsjerkegebouwen gjin lege huls foar wat djurdere apparteminten. Ek winterdei is de doar gauris los. De tsjerken binne as poëzij yn it proaza fan de stêd.

Ik hie útfûn dat der twa ynteressante nei-oarlochske tsjerken wiene yn Charlottenburg-Nord. Dat blykte yn in suterich wykje mei sosjale-hierflats en folkstúntsjes oarekant in yndustryhaven. Noch altyd is dêr deunby in grutte âlde finzenis, JVA Plötzensee. Yn de jierren 1933-1945 waarden yn in loads yn dy finzenis 2891 deafûnissen útfierd. Dy loads is no in Gedenkstätte foar de slachtoffers fan it nazy-rezjym, in tige beklemmend plak.

De romte dêr’t de eksekúsjes plakfûnen haw ik net de drompel fan oer west. It plak wie te slim om wêze te wollen, it folstie om de doar te sjen. Hjir hie in falbile stien, letter waarden minsken hjir oan in izeren balke ophongen, mei stieltried oan fleisheakken, meardere minsken tagelyk. De ûntminsklikjende wreedheid is hjir oan it swijend beton fielber bleaun.

Yn de dokumintaasjeseal kinst de ôfgryslike ferhalen lêze: froulju en manlju dy’t aktyf ferset oandoarden, dy’t krityske wurden sprutsen, ek dy’t om lytse oanliedingen fermoarzele waarden. Hoe kinst oait fierder nei dit alles?

Plötzensee wie West-Berlyn. Oan dizze kant it wrâldpolitike stikeltried wiene it yn de jierren ’60 ek de tsjerken dy’t sin en ferwurking besochten te jaan nei de barbarij dêr’t in swijende mearderheid meirinner yn west hie. Earst bouden de katoliken de Maria Regina Martyrum. Op in ommuorre plein, krekt in luchtplak, stiet oerdwers in wyt betonnen blok op pilaren. As in alter, as in model fan de timpel fan Jeruzalim. Ekspresjonistyske skulptueren. In hillichdom om martelaren te betinken en om in paus te ûntfangen. Binnenyn ûnder in sobere kapelle mei in pietà, boppe in romme tsjerkeseal. Klassyk modernisme: helder, humaan en net hielendal fan dizze wrâld.

Berlyn, Maria Regina Martyrum, skulptuer – foto: André Looijenga

Ien adres fierderop yn de strjitte de Evangelische Gedenkkirche. Oan de bûtenkant in brún útsleine brutalistyske doaze. Fia de broazelige betonnen rampe komme wy binnen. De tsjerkeseal is in smûk fjouwerkant, mei it ljocht fan boppen. Ynformaasjepanielen oer inkelde kristlike Dútske fersetslju. Oan de muorren hingje de panielen fan de Totentanz dy’t de Eastenrykske keunstner Alfred Hrdlicka makke by de bou fan de tsjerke. Der is gjin ûntkommen oan: de monogrome houtskoaltekeningen fan neakene liven en eksessyf geweld skowe bibelferhalen, de gruwelen fan de nazys en eigentiidske misstannen gear ta ien tsjuster gehiel. Hrdlicka wie in aktivistyske keunstner, dy’t ek wolris in planke missloech. Dêrby skoep er in stil mar benearjend lêste nachtmiel yn de finzenis, en in krusige Kristus mei oprôle fûst hingjend yn de fleisheakken – ik seach net faak sa skrinend it skandalon fan de krusiging yn de byldzjende keunst. Yn sa’n byldtaal binne ek de ôfgryslike ûnthalzingen en wurgingen yn de loads fan Plötzensee sichtber te meitsjen.

Berlyn, Evangelische Gedenkkirche: Alfred Hrdlicka, Abendmahl / Emmaus – foto: André Looijenga

Doe’t wy yn Plötzensee wiene frear it de hiele dei. Under de S-Bahnbôgen leine de dakleazen op klapbêden ûnder tekkens mei in kearske op ’e stoepe. Ik kuiere noch even sa’n bakstiennen tsjerke mei spitse ruten yn, om ’e hoeke by ús hotel: in kryststâl yn gouden ljocht en in man dy’t oer syn tillefoan bûgd siet op te waarmjen.

Der binne dingen dy’t wy serieus nimme moatte, oars misse wy wat essinsjeel is. Dat rekket oan wat my dwaande hâldt: de dingen dy’t echt sin en betsjutting ha. By it wêzentlike heart neffens my ek it religieuze. Want alle dagen is de dea om ús hinne. Want Nederlân is in woastyn, en ek Fryslân is in lân fan iensumheid.

Berlyn, Maria Regina Martyrum, portaal – foto: André Looijenga

Yn de glêzen fan de hal fan de Maria Regina Martyrum hawwe de lokale susters karmelitessen teksten set fan minsken dy’t dêr betocht wurde. Hjir wurden fan pater Alfred Delp (1907-1945):

Die Wüsten müssen bestanden werden, die Wüsten der Einsamkeit,
der Weglosigkeit, der Sinnlosigkeit. Gott, der die Wüste schuf,
erschließt auch die Quellen.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre.