Martsje de Jong skreau it fers ‘Bryk’. Se skriuwt hjiroer: ‘ Yn Harns prate ik mei Syds (Wiersma) oer de yn Ljouwert fêstige ynstitúsjes dy’t wakker war dwaan wolle en dat ek moatte foar de Fryske literatuer. Der giet in knoarre subsydzje yn, dêr’t sa’n orgaan dan mei grut fertoan mei opset wurdt. As it dan oan de ynhâld ta is, bliuwt it dochs yn haadsaak leech.
Wy fielden wol wat foar in protest.’
De Deenske oersetting is fan Tomas Dalgaard
Bryk
Sis my
hoe’t ik fan dy hâlde kin
as dyn tasizzing net mear
is as de omtrek fan
wat wêze sillen hie
Dyn wêzen
in proastige ereksje
Stiif fan ellinde
Net by steat
myn letters frucht te jaan.
Te skriuwen yn myn takomst
Krokig
Fortæl mig
hvordan skal jeg elske dig
om dit løfte ikke er mere
end omkredsen af
hvad skulle have været
Dit udseende
en selvisk erektion
Stiv af elendighed
Ude af stand til at
befrugte mine bogstaver
At skrive i min fremtid
Oerset yn it Deensk troch Tomas Dalgaard