Gerard de Jong en Martsje de Jong nije kollumnisten Ljouwerter Krante

Fan freed 18 septimber ôf is Martsje de Jong  ien fan de fêste kollumnisten foar de Fryske side fan de Ljouwerter Krante. Sy nimt it stokje oer fan kollumnist Fedde Dijkstra. Martsje skriuwt dat se der sin oan hat om har sjenswizen te dielen:  ‘Ik bin net sunich mei mieningen.’ (LC, 18 septimber)

Fierders kriget it Biltsk in eigen kollum yn de Ljouwerter Krante, dy’t skreaun wurdt troch Gerard de Jong. Hy sil om-en-om skriuwe mei Johan Veenstra, dy’t yn it Stellingwerfsk skriuwt.  Gerard sil net in kollumnist wêze dy’t alle kearen stevich út de hoeke komt: ‘Die binne d’r al genog. Maar ’n mooie obserfasy of ’n mooi ferhaal, der kînst ok ’n mening in ferpakke. Ik gaan niet in elke kolumn hard om my hine slaan. Tensij jim dat fan my frage.’ (LC, 18 septimber)

 

 

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *