In aktueel fers fan Syds Wiersma

Oarden fan No-Go ik bin der op klear ik bin it wend om in wike of mear yn lockdown te gean it is myn habitat as dichter mar mocht it safier komme dat alles falt yn it slot en wa’t de doar út wol earst in ferklearring fan wêrom, hoelang en wêrhinne uploade moat dan rin ik de frontliny yn de útbonke diken de grêfstimming yn wiken it jûkjend blombekjen yn tunen en parken want as poëzy earne wêze wol dan is it ûnbewapene yn de oarden fan No-Go also schreibe ich in friesischer Sprache und in Großbuchstaben meinen eigenen Ausweis: IK BIN DICHTER MYN WRÂLD LEIT OP ’E DYK GJIN PANYK IK KOM NET TICHTERBY AS IT BYTSJE DISTÂNSJE DAT FERSEN FAN KWIZEKWÂNSJE NO IENKEAR FREEGJE of effektiver miskien: TREK U TERUG IK HEB EEN LICHTE KUCH