Oprop: De Fyftjin FF’en fan Frij

Fan 21 april o/m 5 maaie wolle wy op de webside fan RIXT fyftjin gedichten oer it tema frijheid publisearje. Alle dagen ien, de lêste op befrijingsdei. Wy roppe jim op om in gedicht te skriuwen nei oanlieding fan in F-wurd yn relaasje ta Frij/Frijheid. Wat betsjut frijheid foar jim? Wat is it yn dizze dagen fan ynternasjonale krisis? Wat makket ús frij en/of ûnfrij? Wêr hat frij wêze foar jim mei te krijen? Hokker F-wurd soene jim sintraal stelle wolle? Ferset, freonskip, ferskaat, firus, flomke, fernuvering, flage, f*cking, ferlossing, finzen, fangnet, frysk, ferlies, fegetarysk, ferantwurdlik, ferkearing, fantasije, fiksje, faksinaasje, fibraasje, ……ensafh….

By de letter F hast yn it Frysk kar-út. Jim ynstjoerings wurde foarlein oan ús redaksje. As der mear as fyftjin ynstjoerings binne, makket de redaksje in seleksje. Gedichten yn alle talen binne wolkom. Jimme hawwe it in moanne oan tiid.

Ynstjoerings kinne oant uterlik 15 april maild wurde nei ynfo@rixt.frl Dêrnei sil de redaksje gear oer jim ynstjoerings.

Der wurdt ien gedicht troch de redaksje bekroand. De skriuwer fan dat gedicht krijt njonken de eare ek in eksimplaar fan ‘Arbolarium‘, de ynternasjonale bondel dêr’t in gedicht fan RIXT-dichter Geart Tigchelaar yn stiet.

foto: Geart Tigchelaar

De oprop giet út fan it bestjoer en de redaksje fan RIXT.  Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *