Brieven fan dichteresse Rixt opdûkt

Brieven fan dichteresse Rixt opdûkt

Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Op freed 31 jannewaris, de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en wurde moarnier pleatst op de websiden fan it dichterskollektyf en Sirkwy: www.rixt.frl en www.sirkwy.frl

De brieven datearje út 1965/66. Oanlieding binne fragen fan ds. Hagen oan Rixt oer passaazjes út De gouden rider, har dichtbondel dêr’t se yn 1952 de Gysbert Japicxpriis foar krigen hie. Hagen wie earder dûmny yn Ljouwert en krige it Frysk dêr aardich yn ’e macht. Mar hy kin net alles neikomme as er yn de simmer fan 1965 De gouden rider yn syn wenplak Rotterdam oan it lêzen is. Hy beslút earst syn ljocht by kollega-dûmny F. Dykstra út Hijum op te stekken. Dy stjoert him in wiidweidige brief mei ferskate oersettings en ferklearrings fan wurden en rigels út Rixt har bondel. Mar op guon punten kin er Hagen net foldwaande helpe. Dy beslút om de dichteresse sels te benaderjen. Hy siket har adres op yn it tillefoanboek en skriuwt har in brief. Sa begjint in koarte korrespondinsje, mei Rixt yn de rol fan útlizzer fan guon fan har gedichten en ynlieder yn de Fryske literatuer.
De korrespondinsje hâldt begjin 1966 frijwat abrupt op as Rixt Hagen freget in part fan it materiaal dat se him stjoerd hat werom te stjoeren. Se sil op reis nei Egypte en wol foardat se fuortgiet it spul graach wer op oarder ha. Hagen docht dat en slút boppedat in papieren ryksdaalder foar de porto yn. Dan beslút Rixt yn har lêste brief laitsjend: ‘”Hjir hat de man mei oan west,” dacht ik. En nu maakt het papiertje de reis terug naar Rotterdam.’
De fjouwer brieven fan Rixt oan Hagen, de brief fan ds. F. Dykstra oan ds. J.C. Hagen en de earste en twadde brief fan Hagen oan Rixt (dy’t ek by Koos Hagen syn skinking sieten) wurde no taheakke oan it persoanlike argyf fan de dichteresse dat by Tresoar leit.

De oanbieding fan de brieven fynt plak op freed 31 jannewaris om 11.00 oere yn Tresoar, by it portret fan Rixt yn de Gysbert Japicxseal.

Fan 30 jannewaris o/m 5 febrewaris is it Week van de poëzie.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *