Nij ûndutsen brieven Rixt online
Ofrûne simmer waard it Frysk Dichterskollektyf RIXT ferrast troch in skinking fan dichter Koos Hagen (1939) út Amstelveen. Yn ’e neilittenskip fan syn heit ds. J.C. Hagen sieten fjouwer hânskreaune brieven fan dichteresse Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979), bekend wurden ûnder it pseudonym Rixt. Koos Hagen woe dy brieven ta hawwe oan it Frysk dichterskollektyf, om’t de Grouster dichteresse de nammejouster en beskermfrou fan it kollektyf is. Hjoed, op de 41ste stjerdei fan Rixt, biedt RIXT de brieven fan har nammejouster oan Tresoar oan. De brieven binne digitalisearre en kinne hjir neilêzen wurde.
De brieven datearje út 1965/66. Oanlieding binne fragen fan ds. Hagen oan Rixt oer passaazjes út De gouden rider, har dichtbondel dêr’t se yn 1952 de Gysbert Japicxpriis foar krigen hie. Hagen wie earder dûmny yn Ljouwert en krige it Frysk dêr aardich yn ’e macht. Mar hy kin net alles neikomme as er yn de simmer fan 1965 De gouden rider yn syn wenplak Rotterdam oan it lêzen is. Hy beslút earst syn ljocht by kollega-dûmny F. Dykstra út Hijum op te stekken. Dy stjoert him in wiidweidige brief mei ferskate oersettings en ferklearrings fan wurden en rigels út Rixt har bondel. Mar op guon punten kin er Hagen net foldwaande helpe. Dy beslút om de dichteresse sels te benaderjen. Hy siket har adres op yn it tillefoanboek en skriuwt har in brief. Sa begjint in koarte korrespondinsje, mei Rixt yn de rol fan útlizzer fan guon fan har gedichten en ynlieder yn de Fryske literatuer.
Benammen yn de earste beide brieven fan Rixt (6 oktober 1965) steane in pear moaie passaazjes dy’t ús djipper yn de tinkwrâld fan de dichteresse bringe. Sa skriuwt se:
‘Kon ik u de verzen maar voorlezen! Want wanneer men de klank van de woorden hoort wint het vers zo in waarde. Spreekt u voor u zelf het woord “joun” en “jountiid” eens uit. Klinkt dat niet heel mooi?’
In eintsje fierder bekent se dat it wurd ‘fearrichheit’ in neologisme is: ‘dat woord heb ik zelf bedacht’. Se set it oer as ‘vedererachtigheid’. Persoanliker wurdt it oan ’e ein fan it brief. Nei’t se in eigen Nederlânske oersetting fan har gedicht ‘Op de grins’ jûn hat (GR, s. 55), dat begjint mei de strofe:
As ik nei de ierde opriis moarns bitiid stiich út geheimich, ûntrochgroune wiid, dêr, op ’e grins, troch nacht-súv’re eagen hinne, skôgje ik it libben, en de bylden binne sá neaken en sá transparant dat ’k wit: as ’k ienkear kenne sil, dan is ’t as dit.
skriuwt se Hagen it folgjende: ‘Ik heb het gevoel dat ik, als ik ’s morgens wakker word, het dichtst bij mijn zuivere zelf ben. Dan weet ik wat ik anders niet weet. Ik kan heel moeilijk een besluit nemen. Hoewel ik niet veel voel voor astrologie, er wel eens wat om lach, toch voel ik mij zelf zeer sterk een Libra. Wikken en wegen, de dingen van alle kanten bekijken […] Het nemen van een besluit stel ik vaak uit tot dat moment van het wakker worden dat ik in “Op de grins” beschreven heb.’
Hagen antwurdet dat er ek in Libra is, en him dêrtroch miskien wol oanlutsen fielt troch de fersen fan Rixt, mar mei dit ferskil: ‘Mijn uur is dat van de late avond. Ik ga in het avonduur straks uw verzen herlezen.’
Yn har twadde brief jout Rixt in oersjoch fan Fryske proazawurken dy’t se Hagen oanriedt. Oer Anne Wadman seit se: ‘Een scherpe geest deze A.W.. Hij heeft de Friese literatuur mede op hoger niveau gebracht.’ En se neamt it krekt ferskynde As in skaed: ‘Van de nog heel jonge R.K. schrijver Teije Brattinga […] een debuut dat wel wat belooft.’ By de brief stjoert se inkelde tydskriften en kranteknipsels mei, mar ek wat ynformaasje oer Dr. Giacomo Prampolini, dy’t in pear fersen fan har yn it Italjaansk oerset hat.
‘Pioggio’ (Rein – GR, s. 35) is opnommen yn diel V fan Prampolini syn Storia Universale della Letteratura (7 dielen), dêr’t er ek de Fryske literatuer yn besprekt. En ‘Canterò per te’ (’k Sil foar dy sjonge – GR, s. 24) yn it bondeltsje Poeti frisoni (Milaan, 1952). Beide Italjaanske oersettings skriuwt se spesjaal foar Hagen út.
De korrespondinsje hâldt begjin 1966 frijwat abrupt op as Rixt Hagen freget in part fan it materiaal dat se him stjoerd hat werom te stjoeren. Se sil op reis nei Egypte en wol foardat se fuortgiet it spul graach wer op oarder ha. Hagen docht dat en slút boppedat in papieren ryksdaalder foar de porto yn. Dan beslút Rixt yn har lêste brief laitsjend: ‘”Hjir hat de man mei oan west,” dacht ik. En nu maakt het papiertje de reis terug naar Rotterdam.’
De fjouwer brieven fan Rixt oan Hagen, de brief fan ds. F. Dykstra oan ds. J.C. Hagen en de earste en twadde brief fan Hagen oan Rixt (dy’t ek by Koos Hagen syn skinking sieten) wurde no taheakke oan it persoanlike argyf fan de dichteresse dat by Tresoar leit.
Klik hjir foar de brieven (pdf). Faaks moatte jo by guon brieven efkes ynzoome.
Sjoch ek by Sirkwy