Waailân fan gedichten: Rixt op it eilân

It skriuwerswykein ‘Waailân fan gedichten: Rixt op it eilân’ op Skylge sil heve!

Fan 11 oant en mei 13 septimber sille wy ús meiinoar aktyf ferdjipje yn inoars dichtkeunst op de Folkshegeskoalle mei as spearpunten:

    • leare/útwikselje fan poëzy
    • kreëare/nije poëzy skriuwe
    • presinteare/mei-inoar optrede

Mei stipe fan Tresoar wurdt dit wykein ek opset om dichters fan ’e fêste wâl mei eilândichters (Aasters, Westers en Meslôners) yn kontakt te bringen.

De dielnimmerskosten lizze om-en-de-by €150,- foar it wykein mei ferbliuw yn de Folkshegeskoalle.

Stjoer in e-mail nei ynfo@rixt.frl foar fragen oer dit wykein of foar opjefte

Mear ynformaasje folget.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *