Winterjûn yn Teehûs fan minykemping Slappeterp

Op útnûging fan RIXT-dichter Peter Vermaat sieten der op 3 jannewaris lêstlyn ferhalefertellers, foarlêzers, besibbe sielen, dichters en muzikanten yn it mei in gaskachel goed opstookte teehûs fan de minykemping yn Slappeterp.

Utgongspunt fan de jûn wienen de tema’s ‘tiid’ en ‘siel’ nei oanlieding fan de twa fersen fan Rutger Kopland: ‘Tijd’ en ‘Over de ziel’. Dat binne twa ûnderwerpen dêr’t al in soad oer skreaun en wreaun is en dat yn ’e takomst noch in soad dien wurde sil. Mei oare wurden koenen de dielnimmers dêrmei skoan út ’e fuotten. De iene fette tiid letterliker op as de oare, dy hie dan in wat mear filosofyske ynstek. Itselde gau foar siel, dat al gau útwreide wurde kin nei ‘besieling’. Feit wie wol dat troch dy twa oerkoepeljende tema’s der beskate gearhing yn ’e jûn siet. En troch it lyts tal minsken – krekt wat mear as tweintich – wie de sfear tige yntym en noflik. Der waard mei ynmoed foardroegen en mei entûsjasme spile en it publyk siet mei sân pear earen te harkjen.

Peter Vermaat prate de jûn oaninoar en fertelde tuskentroch sels ek ferhalen en droech fersen foar

Njonken Peter Vermaat wienen der fan RIXT Hein Jaap Hilarides dy’t musisearre en in ferhaal fertelde. Der wienen noch twa muzikanten, Gerrit Huizinga op tuba en Hanneke Dikboom op saksofoan dêr’t Hilarides in ymprovisaasje mei die.

Hein Jaap Hilarides ymprovisearre der op los mei Gerrit Huizinga en Hanneke Dikboom
Wimmy Bouma fan de kemping en TerpenTheater lies û.o. in stik út de autobiografy Wat ik nog weet fan Annie M.G. Schmidt foar

Geart Tigchelaar lies foar út syn roman Bêste jonge oer it hawwen fan tiid en hokfoar prakkesaasjes immen hawwe kin as de ‘siele derút is’. Dêrnei lies er trije oersette proazagedichten fan de Deenske Carsten René Nielsen dy’t oer dingen dichtet, dus foarwerpen dy’t er in siel jûn hat. Tigchelaar sluet ôf mei it gedicht ‘mokerheide’ om werom te kommen by it tema ‘tiid’.

It publyk hong Gerrit de Vries suver oan syn lippen mei syn drûchkomyske, mar deaserieuze fersen

Gerrit de Vries hie him net opjûn, hy soe allinnich efkes om it hoekje sjen om’t syn âldelju tichtby (yn Menaam) wenje dêr’t er op besite wie. Aldergeloks hie er syn bondel Unlân tafallich (of wie it wol tafallich?) mei, dat hy waard drekst troch Vermaat frege om dêrút wat foar te dragen. Siel sit net yn ’e bondel, wie syn eigen sizzen, dat hy hie in fjouwertal gedichten útsocht dêr’t it elemint tiid in rol yn spile. It waard al gau dúdlik dat De Vries in thúswedstryd spile, want doe’t er fertelde dat it gedicht ‘kreas’ him twa kilometer fan Slappeterp ôf ôfspilet, wie der immen út it publyk dy’t syn pake en famylje noch wol kinnen hie.

Sa die mar wer bliken hoe lyts oft de wrâld is en hoe betreklik it bestean, ek al hat men it oer grutte en alles omfiemjende tema’s.

Gerrit de Vries

kreas

doe’t in hikke noch
fan hout en oan de daampeal
fêstbûn wie mei pakjetou
wie pake boer
en ik in jier as seis

yn ’t lytsbûthús
mocht ik de keallen boarne
boeoeoe âlen de keallen
noch sûnder earmerk
mispriizgjend
nei it leechslobberjen
fan de boarnamer
sûgden se my noch toarstich
op de hannen

mei it ierdappelroaien
mocht ik de trekker stjoere
‘ryd rjocht oer de rigen’
en rjocht ride die ik
it kearen
dêr soarge in omke foar
wat wie ik grutsk
doe’t pake sei

‘hast kreas dien jonge’

it wjerklinkt my
sa no en dan
helder as in
tichtslaande hikke
yn de earen

hikken binne fan stiel
tsjintwurdich
en hoe’t pake klonk
bin ik al lang fergetten

Tekst en foto’s: Geart Tigchelaar

2 antwurden opr “Winterjûn yn Teehûs fan minykemping Slappeterp”

  1. Wat in moaie gearfetting fan de jûn yn it theehûs yn Slappeterp. Ik wie ferrast oer de bijdragen en dêrmei ek oer it nivo. Wat mij oanbelanget dogge we dit takommend jier wer op dizze wize.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *