Donderpreek

Syds Wiersma stjoerde hjoed it gedicht Donderpreek yn. Syn ynlieding op it fers: ‘Marianne Thieme beneamde it mar wer ris, ôfrûne moandei yn har opinystik yn de LC: As CDA, LTO en Rabobank oan de ûnderhannelingstafel sitte, wurdt der net praat oer ynkrimping fan de feesteapel. Wylst it ien fan de wichtichste punten is as it giet om it werombringen fan de broeikasgassen en it heljen fan de klimaatdoelen. En dan hjoed. Fryslân priuwt de jittik fan de neoliberaal-griene wyn dy’t sûnt koart troch de VVD waait: Nij Hiddum-Hou moat der komme, sizze de Fryske Steaten. In grut wynturbinepark yn in âld kultuerlânskip, oer de hollen fan de measte bewenners hinne, mei alle ûnwissichheid dy’t der is oer de ynfloed fan sokke turbines op de sûnens fan minsk (en bist). Wichtichste argumint om it plan trochgean te litten: oars misse wy subsydzjejilden. Ha jo wol oait! In VVD-deputearre en VVD-steateleden (en alle oaren dy’t achter it Kolleezje oanrinne) litte aaklike lânskipsplannen trochgean, omdat der oars subsydzjes misrûn wurde. Liberalen en jild, it bliuwt tricky business. It is in dei foar in donderpreek.’

Donderpreek

As ’t CDA oan tafel sit, bid dan
dat net de LTO, of folle minder
ploechlieder Rabobank in strang O BLINDER
NEE yn de hoarich skerpe earkes fan
de dames en hearen kristenen flústeret.
Klimaatwet? Wêrom net? De Heare syn Wet
ropt rintmasters. Mar minder yn ‘e pet?
Gjin boerebank dy’t noch nei dûmny lústeret.

En sitte liberalen foar, wês wach
foardatst it witst swypskaadzje boppe minsken
wynmeunsters, leit de sinnefrek syn winsken
swetten út, falt de mienskip slach op slach.

O ja, it driuwt, ús Hegere Transysjesaak
mar god, de Mammon en de Griene Draak.

© Syds Wiersma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *