Op de perrons

1 maart 2018
Dizze wike net folle managers op ‘e perrons. De measten sitte grif yn ‘e snie of yn ‘e sinne. Foar Tsjisse Hettema oanlieding om in gedicht te skriuwen oer dy ûnsichtbere managementlaach yn hast elk bedriuw of ynstelling. Tsjisse: ‘Yn de soarchsektor wurdt der al hieltyd tsjin iggewearre. Mar dêr hawwe se der ek nije inisjativen út ûntstean sjoen mei hast gjin backoffice mear en mear oandacht foar de kliïnten. Dat it kin gelokkich ek oars.’

OP DE PERRONS

op de perrons hastige minsken
nei de útgongen

earen klam tsjin de holle
plakt

gjin feestgongers
dy’t har lêste drinkliet
ferwaaie litte

mei gemak tilt de trein
har
it etos yn
fan de boargerplicht

soest se
even de earen

de tearen
út de aktetaskes

yn de aktetaskes
it gemiddelde fan
in útdaging

of nei ôfrin even
daging smoar

© Tsjisse Hettema

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *