Echte helden

8 maaie 2018
Syds Wiersma is ús dichter fan de moanne maaie 2018. Yn syn earste moannegedicht sjocht er werom op 4/5 maaie. Oanlieding foar syn gedicht is it yndrukwekkende ferhaal fan Gerard van der Veer sneon 5 maaie yn de Blokhúspoarte. Dy fertelde oer syn mem, dy’t yn de oarloch koerierster wie. Mar se woe neat fan in heldenstatus witte. Se sei in kear: ‘Ik hie it net gau wer sa dien, fierste gefaarlik.’ En: ‘Echte helden binne seldsum moatst witte.’ Gerard fertelde sneon ek it ferhaal fan fersetsman Jan Evenhuis (1896-1944), dy’t yn syn eagen in echte fersetsheld wie. Syds brûkte de útspraak fan Gerard syn mem as kaairigel yn it folgjende gedicht.


Jan Evenhuis

ECHTE HELDEN

De sinne sakket happich oer Froubuorren
wylst ik de ôfslach Alde Leie nim.
De jûn fan fjouwer maaie, wer dy stim
dy't seit: ik ha se stean sjoen tsjin de muorren

en wist net wa't ik wie, de bange fint
foar 't fjoerpeloton of dy oare skiter
dy't as syn baas blaft as de soademiter
mei 't plennen fan in razzia begjint.

Fan ûnrjocht siedt it bloed, mar wat soe 'k dwaan
as boalsfeinten my op 'e bealch sitte?
Echte helden binne seldsum moatst witte,
witst noait wa't swije sille en wa't slaan.

De sinne leit bedobbe yn it Bilt,
âld diken fykje troch it frije fjild.

© Syds Wiersma