In bylddicht fan Edwin de Groot


Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
Peter Vermaat is moannedichter fan Septimber by RIXT. Oade oan de ferteller is syn earste moannegedicht. Lês en harkje ek by Omrop Fryslân.

oade oan de ferteller foar mindert wijnstra hy makket floeiber wat sûnt jierren stjurre weismiten is yn ’t jiskefet fan ’e tiid hy kin de seefroulju noch libje litte wit wêr’t de duvel dûnset yn it tsjuster op it hynder set troch in âlde samler nimt er dy mei nei ’t bosk fan de ferbylding dêr’t it kweade wiif fan hylpen sels feroaret ljocht sjocht er, mar it skuorret mei de sjamme hikke en tein yn in doarp joech de heide trelit mei boskwachters mykjend gewear dêr leit de berte fan in grut ferteller as master wist er eltsenien te foarmjen liet er bern dreame fisk en kij foarby no bringt de loft tebeksetters en soargen
‘De geast en de beam’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan augustus.

De geast en de beam In âld hûs, in beam stiet der neist. Hy hat dêr wenne yn syn dreamen. No, lykwols, waait de noardewyn en heukeret er yn tinne klean. Faaks is er dea, hy wit neat. Sil it hûs ek sûnder him bestean? Blau hinget de dei boppe de wolkens, myn griene hier befriest. In sykjende wikel twifelet tusken myn wynbrauwen. Ik bin de beam, fruchten en fûgels rûgelje fan myn tûken. De woartels krûpe stadich ûnder it hûs, skuorren lûke troch de âlde muorren. De geast wol graach werom nei syn heit.
Yn ‘e wike fan 1 oant en mei 7 augustus siet Dichterskollektyf RIXT yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op ‘e Feanhoop. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen, om sa mienskiplik in gedicht te skriuwen.
Dichter fan ‘e moanne Cornelis van der Wal hie de eare om de earste strofe te skriuwen, dat er begjinne liet mei de rigel: ‘De bui nimt de mar net.’, ôfkomstich út Rink van der Velde syn roman ‘De nacht fan Belse Madam’ (1991). Sa joech in Rigel fan Rink de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.
Alle dagen belle Omrop Fryslân mei it oanwêzige twatal om te hearren hoe’t it gedicht him ûntjoech. As ôfsluter waard it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.
De dielnimmende dichters wienen:
Cornelis van der Wal
Janneke Spoelstra
Rein de Lange
Kate Schlingemann
Edwin de Groot
Anne Heegstra
Simen de Jong
Tialda Hoogeveen
Carla van der Zwaag
Ypie Bakker
Tsjisse Hettema
Syds Wiersma
Dirk Geerdink
Yva Hokwarda
Jan Kooistra
Ynlieding ynsprutsen troch Geart Tigchelaar
‘De bui’ ynsprutsen troch Cornelis van der Wal
Filmke makke troch Geart Tigchelaar
Cornelis van der Wal is dichter fan de moanne augustus by RIXT. De ynbrekker fan glês is syn earste moannegedicht.

De ynbrekker fan glês Hy kin de keamer net mear fine, faaks is er de kaai yn syn holle kwyt. Sinne stekt de nekke fan de ynbrekker troch dûbeld glês. Skiep weidzje op ’e seedyk, skiere wolkens driuwe derboppe, de ynbrekker flechtet foar de sinne, stikken glês prisma yn syn eagen. De mankelike wyn gûlt om de mêsten hinne yn ’e haven fan Hylpen, de ynbrekker is in iisbrekker. Los binne de skossen fan ’e simmer. Elektryske stoarm yn histoarysk waarglês. De plysje slút de ynbrekker wiisprater op yn in skurf sniedoaske. Skodzje mar ta.
Poëzij fan Martsje de Jong.


Astrid Ik sykje dy op Södergård, dûnsjend yn it dôve hurdfjoer dêr’t de rook fan yn myn holle krûpt, kreakjend yn de houten flierren dy’t fûleindich splinters troch myn sokken skowe. Ik sykje dy yn it beammehôf, priuwend fan swietripe morellen dêr’tst it sicht op hân ha moatst achter dyn skriuwtafel, by it rút. Do bist de âlde iik Longerjend op ranja út dyn holle stamme lis ik myn ear tsjin de bast te lústerjen, flústerjend om dy net te steuren Yn it grutte ledikant dream ik dyn kinnen yn myn kinnen. Oan in paraplu spring ik fan it ferfallen skuorke wylst in nachtfûgel lûhûhûd jout en hastich fuortwjukket oer tsjuster nôtfjild as er fernimt dat ik yn him muzefange wol.