Cornelis van der Wal is dichter fan de moanne augustus by RIXT. De ynbrekker fan glês is syn earste moannegedicht.

De ynbrekker fan glês Hy kin de keamer net mear fine, faaks is er de kaai yn syn holle kwyt. Sinne stekt de nekke fan de ynbrekker troch dûbeld glês. Skiep weidzje op ’e seedyk, skiere wolkens driuwe derboppe, de ynbrekker flechtet foar de sinne, stikken glês prisma yn syn eagen. De mankelike wyn gûlt om de mêsten hinne yn ’e haven fan Hylpen, de ynbrekker is in iisbrekker. Los binne de skossen fan ’e simmer. Elektryske stoarm yn histoarysk waarglês. De plysje slút de ynbrekker wiisprater op yn in skurf sniedoaske. Skodzje mar ta.